Hüsem
| Hüsem Husum |
||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 22.220 (2010) | |
| Oerflak | 25,82 km² | |
| Befolkingstichtens | 861 / km² | |
| Hichte | 14 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Dútslân | |
| Dielsteat | Sleeswyk-Holstein. | |
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Boargemaster | Rainer Maaß (SPD) | |
| Oar | ||
| Koördinaten | ||
| Webside | www.husum.org – Webside fan de stêd Husum | |
Hüsem (Dútsk: Husum) is de haadstêd fan Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein. Yn Hüsem wennen 22.338 minsken yn 2007 en yn 2010 22.220.
De âldste stêdskronyk giet werom nei it jier 1252. De Kening Abel fan Denemark besocht in nije belesting yn Noard-Fryslân yn te fieren mar de Friezen wegeren dat. Abel besleat om de Friezen oan te pakken, en stoar yn de striid by Husembro (Hüsembrêge).
Lykas de measte plakken oan de Noardsee, is Hüsem en omkriten ek tige beynfloede troch stoarmfloeden. By de ellindige stoarmfloed fan 1362, de Grote Mandrenke[1], strûpte de stêd ûnder en ûnstie der in ynholte. Dêrfoar lei Hüsem net oan de kust. De stêd die syn foardiel dêrmei en waard in merkplak dat ta in grutte ekonomyske opgong late.
Tusken 1372 en 1398 groeide de befolking fan Hüsem bot en waarden twa doarpen stifte, Oster-Husum (East-Hüsem) and Wester-Husum (West-Hüsem).
De namme Hüsem wurdt yn 1409 foar de earste kear brûkt.
Ynhâld |
Geografy[bewurkje seksje]
Hüsem leit oan de Noardsee, 43 km súdeastlik fan Flensboarch.
Stêdsdielen[bewurkje seksje]
De wichtichste stêddielen fan Hüsem binne:
- Innenstadt
- Nordhusum
- Porrenkoog
- Osterhusum, Osterhusumfeld
- Altstadt
- Norderschlag
- Dreimühlen
- Rödemis
- Fischersiedlung
- Neustadt
- Gewerbegebiet Ost
- Kielsburg
- Rosenburg
- Schobüll
- Halebüll
- Hockensbüll
- Lund
Museums[bewurkje seksje]
- It Theodor-Storm-Haus is in museum oer Theodor Storm.
- It Noard-Fryske Museum Ludwig-Nissen-Haus hat histoaryske keunst- en kultuerûnderwerpen.
- It Schloss vor Husum kin yn de König-Friedrich-V.-Allee besjoen wurde.
- Skipfeartmuseum.
- It Ostenfelder Bauernhaus is it âldste Dútse iepenloftmuseum
- It Poppenspäler Museum hat Poppenteater as tema.
Underwiis[bewurkje seksje]
Gymnasium[bewurkje seksje]
- Hermann-Tast-Schule, humanistysk gymnasium sûnt 1527.
- Theodor-Storm-Skoalle
Middelbere skoallen[bewurkje seksje]
- Gesamtschule Husum-Nord
- Ferdinand-Tönnies-Skoalle
- Husum Danske Skole (Deenske skoalle)
Basisskoallen[bewurkje seksje]
- Iven-Agßen-Schule, sûnt 1619, ien fan de âlste legere skoallen fan Dútslân.
- Boargerskoalle
- Klaus-Groth-Skoalle
- Bornskoalle yn Schobüll
Ferneamde ynwenners[bewurkje seksje]
-
Theodor Storm (1886)
-
Adolf Brütt (1909)
- Hermann Tast (1490−1551), Protestansk reformator[2]
- Johannes Mejer (1606–1674), kartograaf[3]
- Peter Axen (1635–1707), jurist, filolooch, humanist en diplomaat[4]
- Nicolaus Bruhns (1665-1697), hie in protte ynfloed op Johann Sebastian Bach, wie organist yn Hüsum fan 1689 oant 1697.
- Theodor Storm (1817−1888), Dútsk romanskriuwer
- Janina Uhse (1989), aktrise
- Wiebke Puls (1973), aktrise en sjongster
- Fanny zu Reventlow (1871-1918), Dúisk skriuwer en oersetter
- Oskar Vogt (1870-1959), Dútsk neuro-anatoom/breinwittenskipper
- Jan Wayne (* 1974) DJ, sjonger en plateprodusint
- The Destiny Program (earder Destiny), in hardcore/metalcore band op't heden Nuclear Blast neamd
Keppeling om utens[bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |