Abel fan Denemark

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Abel fan Denemark

Abel (1218 - 29 juny 1252) wie kening fan Denemark fan 1250 - 1252 en hartoch fan Sleeswyk (1232-1252). Hy we in soan fan kening Waldemar II fan Denemarken en fan Berengaria, de dochter fan Sancho I fan Portegal. Syn bruorren wienen kening Erik IV en syn opfolger Christoffel (I). Hy wie troud mei Mechtildis fan Holstein (in dochter fan greve Adolf IV fan Holstein) en hja soe nei syn dea, yn 1261, mei Birger Jarl wertrouwe.

Bern[bewurkje seksje | edit source]

  1. Waldemar III (-1257)
  2. Erik I (± 1240-1272)
  3. Sofia (± 1240-1284)
  4. Abel (1252-1279)

Abel folge syn broer Erik IV nei syn dea per 1 novimber 1250 op. Erik IV is grif troch twa fan Abel syn oanhingers ombrocht op in reis fan Erik troch Sleeswyk. Abel en fjouwrentweintich eallju leinen de dobbelt tylvter-ed (twa doazinen eed) ôf en beswarren dat hartoch Abel gjin diel yn de moard hân hie. It wurdt(en no noch altiten) wiid en siid leauwd dat kening Erik IV wiswol op befel fan syn broer Abel fermoarde is. Abel af navn, Kain af gavn (Abel fan namme, Kaïn yn dieden) soe de befolking sizze.

Kening Abel en keninginne Machteld soenen sa'n oardel jier regeare. Op 29 juny 1252 kaam Abel, en in soad fan syn eallju, om yn in gefjocht mei de Friezen ûnder oanfiering fan Sicko Sjaerdema yn Noard-Fryslân (Sleeswyk-Holstein). Syn soan Waldemar waard op dat stuit finzen hâlden troch de aartsbiskop fan Keulen om losjild te krijen. Om dy reden waard de jongste broer fan Erik IV en Abel, Kristoffel I, op krystdei 1252 as kening kroane.

Abel syn neisieten - it Laach Abel- soenen oant 1375 oer Súd-Jutlân regeare, faak yn ko-regintskippen mei harren sibben yn Holstein, en soargen foar in permanint probleem foar it Deensk gesach. Harren bestjoer betsjutte de start fan de definitive ôfskieding fan Súd-Jutlân fan it keninkryk Denemarken.