Theodor Storm
Theodor Storm (Hüsem, 14 septimber 1817 - Hademarschen, 4 july 1888) wie in Dútsk skriuwer en dichter
Ynhâld |
Libben [bewurkje seksje]
Hy studearre rjocht en waard abbekaat yn Sleeswyk-Holstein, doe yn personele uny mei Denemark. Nei de Earste Deensk-Dútske Oarloch naam Stoarm sa'n ûnfersoenlike hâlding yn, Denemark tsjinoer, dat him yn 1852 ferbean waard noch abbekaat te wêzen. Stoarm ferfarre nei Dútske steaten, yn 1853 nei Potsdaam en yn 1856 nei Turingen. Hy kaam earst werom yn 1864, nei't de Dútske steaten Sleeswyk-Holstein ferovere hienen.
Utnoege troch in freon, de skriuwer en skilder Ludwig Pietsch, yn Baden-Baden yn de simmer fan 1864, rekke er yn de kunde mei de Russyske skriuwer Ivan Toergenjev. Sûnt skreaune se en stjoerden se elkoar kopyen fan harren wurk. Dat hat ferskate jierren duorre.
Wurk [bewurkje seksje]
Storm wie in auteur fan it post-Romantysk realisme. Hy hat 58 novellen en in tal bekende gedichten skreaun. Syn twa bekendste wurken binne de novelle Immensee (1849) en syn masterwurk 'De skimmelruter', skreaun yn it lêst jier fan syn libben.
It wurk fan Storm kin sjoen wurde as in foarboade fan it naturalisme. Storm wurdt wurdearre om de ferbining fan tagonklikens en djipsinnigens yn syn wurk, dy't de measte Heimatkeunst fan syn tiid oertreft.
De skimmelruter [bewurkje seksje]
'De skimmelruter' ferhellet fan Hauke Haien, in boeresoan, dy't letter as alle oaren fan syn gealju begrypt hoe faai as de seediken derhinne lizze. Troch ferstân en ambysje bringt Haien it ta dykgreve. Yn dat amt set er it oanlizzen fan in nije polder mei sterkere diken troch. Hy kriget te meitsjen mei ûnbegryp en tsjinwurking. De striid dy't der út fuortkomt wurdt him op 't lêst oermânsk. De novelle spilet yn Noard-Fryslân. De tema's fan it boek binne: de striid tsjin it wetter en it konflikt tusken yndividu en mienskip.
Priuwke fan poëzij [bewurkje seksje]
Die Stadt (oer Husum)
- Am grauen Strand, am grauen Meer
- Und seitab liegt die Stadt;
- Der Nebel drückt die Dächer schwer,
- Und durch die Stille braust das Meer
- Eintönig um die Stadt.
- Es rauscht kein Wald, es schlägt im Mai
- Kein Vogel ohn' Unterlaß;
- Die Wandergans mit hartem Schrei
- Nur fliegt in Herbstesnacht vorbei,
- Am Strande weht das Gras.
Wurk [bewurkje seksje]
- 1849 Immensee
- 1851 Der kleine Häwelmann
- 1852 Gedichten
- 1858 Auf dem Staatshof
- 1861 Im Schloß
- 1863 Auf der Universität
- 1872 Draußen im Heidedorf
- 1874 Pole Poppenspäler
- 1874 Waldwinkel
- 1877 Aquis submersus
- 1881 Hans und Heinz Kirch
- 1881 Der Herr Etatsrat
- 1884 Zur Chronik von Grieshuus
- 1885 Carsten Curator
- 1885 Ein Fest auf Haderslevhuus
- 1886 Ein Doppelgänger
- 1888 Der Schimmelreiter, yn 't Frysk: 'De skimmelruter', útjûn troch De Tille, Ljouwert, 1990; oerset troch Lieuwe H. Bouma, 1987
Keppelings om utens [bewurkje seksje]
- Theodor Storm en syn wrâld
- Biografy en in soad wurk fan Storm
- Der Schimmelreiter (Audioboek yn 't Dútsk)
- Alle poëzij fan Theodor Storm.