Springe nei ynhâld

Grutte-boarstesjenre

Ut Wikipedy

It grutte-boarstesjenre is in foarm fan neakenfotografy en pornografy dy't draait om neakenmodellen resp. pornoaktrises dy't tarist binne mei grutte, soms sels útsûnderlik grutte boarsten. It beslacht it hiele spektrum, fan 'e normale manlike belangstelling foar froulju dy't wat boarstich binne, oant it ekstreme boarstefetisjisme, dat wolbeskôge in parafilyske ôfwiking is. It sjenre is in fuortfloeisel fan 'e Westerske kulturele fiksaasje op boarsten, dy't útdroegen wurdt troch populêre keunstfoarmen as (mainstream-)film, tillefyzje en fideoklips.

Kulturele obsesje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De neakenfotografy en de pornoyndustry hawwe handich ynspile op 'e fassinaasje dy't der yn 'e Westerske kultuer foar grutte boarsten bestiet mei in sjenre dat him spesifyk op dat merkoandiel rjochtet. Der besteane ferskate grutte neakenblêden, fral yn 'e Feriene Steaten, dy't oan modellen mei grutte boarsten wijd binne, mei as wichtichsten Score, Hustler's Busty Beaties, Juggs en Gent. Hoewol't de measte pornostudio's wol films op 'e merk brocht hawwe dy't ta it grutte-boarstesjenre rekkene wurde kinne, lizze guon, lykas The Score Group, Big Top Video en Napali Video harren der útslutend op ta.

It grutte-boarstesjenre giet werom op 'e eroatyske film Lorna, fan 'e Amerikaanske produsint Russ Meyer, út 1964, de earste film wêrfoar't de aktrises útkeazen waarden om 'e grutte fan harren boarsten. Oarspronklik gie it by dit sjenre om grutte natuerlike boarsten, oant yn 'e jierren tachtich de boarstfergrutting yn 'e moade kaam. Dêrtroch waard it foar froulju dy't fan natuere net sa rom bedield wiene mooglik om harren uterlik oan te passen, wat late ta in snuorje, fral yn 'e jierren njoggentich, dat silikoaneboarsten foar master opsloegen. Fan likernôch 2000 ôf sloech de slinger wer nei de oare kant troch, doe't "natuerlike" grutte boarsten wer populêrder waarden. Faak woene froulju dy't in boarstfergrutting dwaan lieten sûnt dy tiid dat it der "natuerlik" útseach, wat earder yn 'e regel net sa wichtich fûn wie.

Modellen en aktrises

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate neakenmodellen, lykas Ariana en Petra Verkaik, en pornoaktrises, lykas Nikki Benz, Veronica Brazil, Carmella Bing, Sophie Dee, Savannah Gold, Heather Lee, Lisa Ann, Memphis Monroe, Priya Rai, Shyla Stylez, Taylor Wane, Sienna West en Sarah Young, hawwe harren karriêre min ofte mear te tankjen oan harren grutte boarsten. By sommige neakenmodellen, lykas Alyssa Alps en Pandora Peaks, en guon pornoaktrises, lykas Lisa Lipps, Minka, Ricki Raxxx, Rocki Roads, Tiffany Towers, Wendy Whoppers, Lilli Xene en de tragysk oan har ein kommen Lolo Ferrari, rûnen de boarstfergruttings wat út 'e hân, mei kupmaten as 50EE, 54J en 55GG. By Ferrari hie dat nei alle gedachten neat mear te meitsjen mei pornografy of wat de fans woene, mar wie wierskynlik sprake fan dysmorfofoby, in geastessykte wêrby't de pasjint nea tefreden is mei it eigen uterlik, al hoefolle plastyske sjirurgy oft der ek op tapast wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Carey, Kimberly, Breast Enlargement Fantasy a Big Burden to Bear, yn: de Chicago Tribune, 25 maaie 1997.
  • Latteier, Carolyn, Breasts: The Women's Perspective on an American Obsession, 1998 (Haworth Press), ISBN 978-0 78 90 04 222.
  • Morris, Desmond, The Naked Ape, 1967 (Jonathan Cape).
  • Slade, Joseph W., Pornography and Sexual Representation: A Reference Guide, 2000 (Greenwood Publishing Group), ISBN 0 31 33 15 205.
  • Tovar, Virgie, Destination DD: Adventures of a Breast Fetishist with 40DDs, 2007 (Sexy Advisors Press), ISBN 0 97 88 69 94X.
  • Yalom, Marilyn, A History of the Breast, 1997 (Knopf), ISBN 0 67 94 34 593.