Napali Video

Ut Wikipedy
Napali Video
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Canoga Park (Kalifornje)
oprjochte ±1982
oprjochter Kenny Lloyd
offisjele webside
www.napalivideo.com

Napali Video is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Canoga Park, dat in wyk fan Los Angeles is. Dit bedriuw waard yn 'e iere 1980-er jierren oprjochte troch filmprodusint Kenny Lloyd.

De films dy't troch Napali Video produsearre wurde, hearre sûnder útsûndering ta it grutte-boarstesjenre. Se beslane it hiele spektrum fan neakenfotografy fia masturbaasjesênes en lesbyske porno oant heteroseksuële hurde pornografy. Guon aktrises dy't foar Napali Video wurke hawwe, binne: Anna Amore, Veronica Brazil, Devin DeRay, SaRenna Lee, Daphne Rosen, Chloe Vevrier en Lilli Xene.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: