Grytsjesyl
Grytsjesyl (Dútsk: Greetsiel) is in lyts havenplakje yn Dútslân. It plak leit yn de Leybocht yn it westen fan East-Fryslân. Der wenje likernôch 1.600 minsken yn it plakje.
Grytsjesyl hat in skildereftich doarpsgesicht en is mei ôfstân it meast toeristyske plak fan de gemeente. Neist it toerisme spilet de garnalefiskerij ek in wichtige rol yn de lokale ekonomy.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
De namme Grytsjesyl komt foar it earst foar yn brieven út 1388. Skippen út Hamburch leinen doe yn de haven fan Grytsjesyl foar anker en moasten tol betelje.
It plak waard fan it domein Appingen út stifte troch de Sirksena's, in East-Fryske famylje fan haadlingen. Doe't Appingen hieltyd minder wichtiger waard, waard Grytsjesyl it plak fan de haadlingen.
Greve Edzard I waard yn 1462 yn de stins fan de Sirksena’s berne. Under dizze hearskippij soe East-Fryslân rinne fan de Wezer oant Grins. Yn 1547 waard Ubbo Emmius yn Grytsjesyl berne.
Grytsjesyl leit sûnt 1972 yn de gemeente Krummhörn, dêrfoar wie it plak in selsstannige gemeente.
Wichtige plakken en gebouwen [bewurkje seksje]
Grytsjesyl is hjoed de dei in toeristysk plak mei in stik as wat toeristyske attraksjes. Bygelyks:
- De haven fan Grytsjesyl: Hjir lizze 28 garnalekotters.
- De Twillingmûnen.
- De tsjerke.
- De Poppingas Alde Bakkerij.
- De âlde syl (1798)
- De nije syl (1887)
Ferkear [bewurkje seksje]
De ôfstân ta de steden Emden en Norden is 15 en 20 kilometer. Fan 1906 oant 1963 hat der in meterspoarferbining mei Pewsum en Emden west. Tsjintwurdich fersoargje bussen de ferbinings mei dizze plakken en mei Norden.
Foar lytse fartugen is Emden ek mei it kanaal te berikken.
-
Ofbyld fan it fersterke Grytsjesyl út de 17e ieu (J.Blaeu).