Springe nei ynhâld

Gemalen yn Fryslân

Ut Wikipedy

De gemalen yn Fryslân soargje foar it ôffieren fan wetter om it polderpeil yn de Fryske boezem te regeljen. Der binne in pear hûndert gemalen.

De earste gemalen wienen fan it type stoomgemaal, wêrfan de bekendste it ir. D.F. Woudagemaal by De Lemmer is. Suver alle stoomgemalen waarden letter omboud ta elektryske gemalen. Dêrnei kamen der ek in soad lytsere elektryske gemalen om it polderpeil te regeljen. De gemalen ferfongen de protte poldermoles by it ôffieren fan it wetter. De measte molens waarden letter sloopt. De gemalen wienen earst gebouwen, mar letter waarden der allinnich kasten (meastentiids donkergrien of donkerblau fan kleur) setten.

Plak Gemaal Jier Ofbyld
Ychten Gemaal Ychten 1913 Gemaal Ychten
Iezumasyl De Dongeradielen 1931 Gemaal De Dongeradielen
It Hearrenfean Gemaal Foarútgong Gemaal Foarútgong
Lemmer yr. D.F. Woudagemaal 1920 Woudagemaal
Makkum Gemaal fan Makkum 1881
Marrum De Heining 2018 De Heining
Nij Beets Sudergemaal 1924 Sudergemaal
Aldeouwer Gemaal Aldeouwer 1926 Gemaal Aldeouwer
Sint Jansgea Gemaal de Grie 1931 Gemaal De Grie
Starum J.L. Hooglandgemaal 1966 J.L. Hooglandgemaal
Fjouwerhûs Gemaal Fjouwerhûs
Swarte Herne H.G. Miedemagemaal H.G. Miedemagemaal

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]