Yr. D.F. Woudagemaal

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It Woudagemaal by Teakesyl (2005)

It Yr. D.F. Woudagemaal is it grutste noch wurkjende steamgemaal yn 'e wrâld. It gemaal stiet by Teakesyl (flak by De Lemmer) en wurdt noch brûkt om it wetterpeil yn Fryslân te ferleegjen as it J.L. Hooglandgemaal by Starum net genôch kapasiteit leverje kin.

It gemaal is ferneamd nei Yr. D.F. Wouda, haadyngenieur fan de Provinsjale Wettersteat fan Fryslân, dy't tegearre mei Yr. Dijxhoorn tekene foar it ûntwerp. De masjines binne makke by Jaffa yn Utert.

It gemaal is op 7 oktober 1920 iepene troch Keninginne Wilhelmina. De seis koalenstookte steamtsjettels binne yn 1955 ferfongen troch fjouwer nije tsjettels fan Werkspoor, dy't yn 1967 omboud binne nei oaljestook. Oant 1966 wie it Woudagemaal ferantwurdlik foar it op peil hâlden fan de boezem fan Fryslân. Yn dat jier waard yn Starum it J.L. Hooglandgemaal oplevere dat it deistich wurk fan it Woudagemaal oernaam. It Woudagemaal draait no op syn heechst in dei as wat yn it jier.

Sûnt 1998 stiet it gemaal op de UNESCO wrâlderfskipslist.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: