Gemaal Ychten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemaal fan Ychten
Gemaal fan Ychten

It Gemaal fan Ychten waard boud yn 1913 en ferfong in âlder gemaal út 1865.

It gemaal wie in stoomgemaal, maar waard yn 1925 elektrysk. De oerstallige skoarstien waard inkele jierren letter ek ôfbrutsen. It gemaal stiet by de Tsjûkemar en lost it wetter fan de Feanpolder fan Ychten. Yn 2007 krige it eardere stoomgemaal wer in skoarstien. Dat wie in skoarstien fan in fabryk út Snits. It gemaal falt no ûnder de monumintesoarch.

It oare stoomgemaal yn de gemeente Lemsterlân is it folle ferneamdere yr. D.F. Woudagemaal by De Lemmer.

[bewurkje seksje] Tsjûke en March

Neist it gemaal stiet it byld fan Tsjûke en March, oan dêr't de Tsjûkemar nei neamd wêze soe neffens in âld folksferhaal.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen