Franklinbosksniehin

Ut Wikipedy
franklinbosksniehin
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift hineftigen (Galliformes)
famylje fazanteftigen (Phasianidae)
skaai bosksniehinnen (Canachites)
soarte bosksniehin
   (Canachites canadensis)
ûndersoarte
Canachites canadensis franklinii
Douglas, 1829
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De franklinbosksniehin of Franklins bosksniehin (wittenskiplike namme: Canachites canadensis franklinii, syn. Falcipennis canadensis franklinii), ek de franklinsniehin of Franklins sniehin neamd, is in ûndersoarte fan 'e bosksniehin (Canachites canadensis). Dat is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e bosksniehinnen (Canachites). De franklinbosksniehin komt foar in noardwestlik Noard-Amearika. Dizze fûgel wurdt troch guon autoriteiten beskôge as in selsstannige soarte (Canachites franklinii, syn. Falcipennis franklinii). De IUCN klassifisearret de franklinbosksniehin as net bedrige.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2014 erkent de IUCN, wat oars in gesachhawwende autoriteit is op it mêd fan 'e taksonomy, de franklinbosksniehin as in selsstannige soarte (Canachites franklinii), los fan 'e bosksniehin (Canachites canadensis). Lykwols holden oare gesachhawwende autoriteiten, lykas de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU) en it Amerikaansk Ornitologysk Genoatskip (AOS) anno 2021 noch altyd fêst oan 'e yndieling fan 'e franklinbosksniehin as in ûndersoarte fan 'e bosksniehin.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De franklinbosksniehin komt foar yn it grutste part fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, útsein it uterste noardwesten, de kuststripe, de Keninginne Sjarlotte-eilannen en Vancouvereilân. Dizze fûgel komt ek foar yn it súdwesten fan 'e Noardwestlike Territoaria en it westen fan Alberta. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten libbet er yn 'e noardlike Cascades yn Washington en yn 'e Rocky Mountains yn noardlik en sintraal Idaho, westlik Montana en eastlik Oregon.

In isolearre populaasje, Canachites canadensis isleibi of Canachites franklinii isleibi as de franklinbosksniehin as in aparte soarte erkend wurdt, libbet op it eilân Prince of Wales en oanbuorjende lytsere eilannen yn 'e súdlike Aleksanderarsjipel fan Súdeast-Alaska.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De franklinbosksniehin is in middelgrutte fûgel mei trochinoar in kop-sturtlingte fan 38–43 sm en in wjukspanne fan 541/2–571/2 sm. De hoannen hawwe in gewicht fan 550–650 g, wylst de hinnen 450–550 g weagje. Fan uterlik liket de franklinbosksniehin tige sterk op 'e oare ûndersoarten fan 'e bosksniehin (sjoch dêre), mei as ferskil dat de sturt fan 'e hoanne swart mei wite spikkels is ynstee fan griis, en de kastanjebrune râne mist dy't de sturten fan 'e hoannen fan 'e oare ûndersoarten hawwe.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Franklinbosksniehinnen libje yn 'e taiga fan westlik Noard-Amearika, dêr't se de foarkar jouwe oan nullebeammen boppe leafbeammen. Se lykje gjin foarkoar te hawwe foar dinnen, spjirren of sulverspjirren, mar wol foar jongere wâlden boppe âldere.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hâlden en dragen fan 'e franklinbosksniehin komt fierhinne oerien mei de libbenswize fan 'e oare ûndersoarten fan 'e bosksniehin (sjoch dêre). Inkeld by de franklinbosksniehin komt it fertoan fan hoannen yn 'e peartiid foar, wêrby't se nei in koart stikje fleanen de wjukken byinoar bringe efter de rêch en twa korte klappen produsearre mei in tuskenskoft fan likernôch 1/2 sekonde. De klappen binne lûd genôch om troch in minske op 150 m ôfstân heard te wurden. It is in ôfbeakenjen fan it territoarium, dat soms útlokke wurde kin troch op deselde wize yn 'e hannen te klappen. Undersikers brûke dy technyk om 'e territoaria fan hoannen te ûntdekken en de populaasjetichtheid te skatten.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De franklinbosksniehin fret by 't simmer beien, blêden, skimmels en ek wolris ynsekten. Winterdeis bestiet er op in dieet fan hast útslutend nullen fan konifearen lykas spjirren, dinnen en sulverspjirren.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De franklinbosksniehin hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As de franklinbosksniehin (Canachites canadensis franklinii) beskôge wurdt as in selsstannige soarte (Canachites franklinii), sa't guon autoriteiten dogge, dan hat dy soarte twa ûndersoarten:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.