Frank T. Hopkins

Ut Wikipedy
Frank T. Hopkins
persoanlike bysûnderheden
echte namme Frank T. Hopkins
oare namme Kaiyuzaya Suŋkanyaŋke
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 11 augustus 1865
berteplak Fort Laramie (Wyoming)
stoarn 5 novimber 1951
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt ferskaat
aktyf as hynsteracer
jierren aktyf ±18851920-er jierren

Frank T. Hopkins (Lakota-namme: Kaiyuzaya Suŋkanyaŋke; Fort Laramie, 11 augustus 1865New York, 5 novimber 1951) wie in Amerikaansk hynsteman en ruter. Nei eigen sizzen wied er in legindaryske lange-ôfstânsrider, dy't 400 races wûn hawwe soe. Fan syn bewearings kin lykwols net folle mei bewiis ûnderboud wurde, dat Hopkins wurdt tsjintwurdich benammen sjoen as in optinker en ferteller fan sterke ferhalen mei himsels yn 'e helderol. Wol is wis dat er as aktivist o sa krewearre foar it behâld fan 'e wylde mustang. Nettsjinsteande de ûnwissichheid oer syn ferhalen is Hopkins de regionale Amerikaanske folkloare yn 'e Amerikaanske steaten yn it noarden fan 'e Grutte Flakten binnenkrongen. By in breder publyk krige er bekendheid troch de film Hidalgo, út 2004.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens Hopkins sels wied er de soan fan in Lakota-mem en in blanke heit. Dyselde, Charles Hopkins, soe in ferkenner foar luitenant-kolonel George Armstrong Custer en it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint west hawwe en yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn finzennommen wêze troch it Lakota-opperhaad Gal. Fjouwer moannen letter soed er frijlitten wêze, wêrnei't er weromkearde nei syn gesin yn Fort Laramie yn it Terriroarium Wyoming, dêr't Hopkins sels alve jier earder, yn 1865, berne wie en neitiid grutbrocht waard.

De bân tusken syn heit en Custer en it 7e Kavaleryrezjimint is lykwols gjin bewiis foar en it Nasjonaalhistoarysk Plak Fort Laramie hat gjin argyfstikken omtrint Hopkins syn berte. Neffens de Yndiaanske histoarikus Vine Deloria jr. moatte der fraachtekens pleatst wurde by Hopkins syn bewearing oer in Yndiaanske ôfstamming, mar de Lakota-âldste Sonny Richards skreau: "Kaiyuzaya Suŋkanyaŋke wie in man út Súd-Dakota en in healbloed-Lakota."

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn syn postúm publisearre autobiografy hold Hopkins út dat er as cowboy yn it Wylde Westen wurke hie en neitiid in reputaasje opboud hie op it mêd fan it riden fan hynsteraces oer de lange ôfstân. Ferskaten fan syn bewearings binne letter troch histoarisy wjerlein of ûnbewiisber achte. Sa hold er út mear as 400 lange-ôfstânshynsteraces wûn te hawwen en yn 1891 dielnommen te hawwen oan in 3.000 myl lange race fan it Arabysk Skiereilân by de kust fan 'e Perzyske Golf lâns en troch Mesopotaamje hinne nei Syrje ta. Der bestiet lykwols gjin bewiis dat der ea sa'n race plakfûn hat en histoarisy achtsje it sels ûnmooglik, omreden fan 'e problematyske klimatologyske omstannichheden yn it gebiet, sawol as fanwegen de fijannige ûnderlinge relaasjes fan 'e bedoeïnestammen dêre.

De bewearing fan Hopkins dat er as ruter in skoft ferbûn wie oan 'e ferneamde wyldwestshow fan William Frederick "Buffalo Bill" Cody, is yn twifel lutsen troch de konservator fan it Histoarysk Sintrum Buffalo Bill, dy't ferklearre dat er nearne yn 'e argiven de namme fan Hopkins ûntdekke koe. Hopkins syn bewearing dat hy eigenhandich it stuntriden yn 'e wyldwestshow fan Buffalo Bill yntrodusearre hawwe soe, is bekreaud troch de Georgyske ekspêr op it mêd fan kozakske skiednis Irakli Macharadze. Nei eigen sizzen wie Hopkins yn 'e 1940-er jierren earefoarsitter fan in hynsterace yn Fermont, mar it Histoarysk Genoatskip fan Fermont hat gjin weet fan lykfol hokker hynsteraces dy't ea yn 'e steat holden binne. Ek fan it bestean fan in lange-ôfstânsrace fan Teksas nei Fermont, dy't er wûn hawwe soe doe't er 21 jier wie (yn 1886) hat men gjin bewiis fine kind.

Tsjintwurdich wurdt Hopkins benammen sjoen as in ûnskeadlike, mar net serieus te nimmen optinker en ferteller fan sterke ferhalen, of soms as in boasaardige fantast dy't syn leagens brûkte foar oplichterspraktiken. Wol wier binne oer Hopkins de folgjende dingen. Yn 1917 stied er op in list fan wurknimmers by it Ringling Brothers Circus (ien fan 'e meast foaroansteande sirkussen yn 'e Feriene Steaten), dêr't er hynstefersoarger wie. Yn 1926 wied er foarman fan in ploech boufakkers dy't in metrotunnel oanlei yn 'e binnenstêd fan Philadelphia. Hopkins wie in grut leafhawwer fan 'e mustang, it ferwyldere hynder fan Noard-Amearika, en sette him oan syn dea ta o sa yn foar it fuortbestean en de beskerming fan 'e wylde mustang.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frank Hopkins stoar yn 1951 yn 'e New Yorkske borough Queens, yn 'e âlderdom fan 86 jier. Hy waard begroeven op it Lutherans All Faiths Cemetery yn 'e wyk Middle Village.

Yn 'e popkultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It libben en de ferhalen fan Frank Hopkins rekken yn 2004 by in breder publyk bekend troch de Disney-film Hidalgo, oer de dielname fan Hopkins en syn mustang Hidalgo oan 'e race troch it Midden-Easten. De film waard skreaun troch John Fusco en regissearre troch Joe Johnston, en de haadrollen waarden fertolke troch Viggo Mortensen (as Hopkins) en Omar Sharif. Disney priizge de film oan as "basearre op in wier ferhaal", eat dêr't neitiid frijwat krityk op kaam.

De Yndiaanske histoarikus Vine Deloria jr. sei oer de ferhalen fan Hopkins: "[dat] binne sokke skandlike leagens dat men jin ôffreget wêrom't Disney hjir eins in film oer meitsje woe." Oan 'e oare kant sei de -filmmakster Angelique Midthunder wylst de kontroverse geande wie, dat "it ferhaal fan 'e healbloed-Yndiaan dy't syn pinto-mustang mei oersee naam om yn 'e grutte woastyn te racen al generaasjes lang oan 'e bern fan 'e noardlike stammen ferteld wurdt." De tige foaroansteande filmkritikus Roger Ebert, fan 'e krante de Chicago Sun-Times, dy't wol oer de film mocht, skreau yn syn resinsje: "Negearje asjebleaft ferfelende seurpiten dy't kleie dat de film net echt op feiten basearre is. Ja, hè hè."

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.