Finzenisferkrêfting

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Finzenisferkrêfting of tichthûsferkrêfting is in foarm fan ferkrêfting wêrby't finzenen yn it tichthûs inoar seksueel misbrûke, of wêrby't it finzenispersoniel him oan 'e finzenen fertaast. Hiel inkeld wurdt der ek ferkrêfting fan finzenispersoniel troch finzenen mei bedoeld. It finzeniswêzen lient him by útstek foar alderlei foarmen fan misbrûk, wêrûnder ek seksueel misbrûk, yn it foarste plak om't de finzenen net útnaaie kinne, en yn it gefal fan misbrûk troch sipiers ek fanwegen de macht dy't dyselden oer harren hawwe. Publyk bewustwêzen fan finzenisferkrêfting is in relatyf nije saak, mar it ferskynsel sels is fan alle tiden en komt yn alle maatskippijen foar dêr't tichthuzen binne.

Wrâldwiid[bewurkje seksje | edit source]

Hoewol't finzenisferkêfting wrâldwiid foarkomt, is it wol sa dat it dêrby yn guon lannen om ynsidinten giet, lykas yn Nederlân en oare Noardwestjeropeeske lannen (Dútslân, Switserlân, Belgje, de Skandinavyske lannen), wylst der ek lannen besteane dêr't sok misbrûk yn finzenissen in strukturele faktor is, lykas yn Ruslân, de measte ûntwikkelingslannen en de Feriene Steaten. Feitliks is finzenisferkrêfting by it bredere publyk fral bekend út ferwizings dy't dernei makke wurde of werjeften derfan út Amerikaanske films en tillevyzjesearjes. Frjemd genôch lykje de measte Amerikanen it te beskôgjen as in normaal ûnderdiel fan it tichthûsbestean, dat by útstek gaadlik is om mispleatste grappen oer te meitsjen, wylst it steatsrjochtlik fansels sa is, dat as in steat immen feroardielet ta it útsitten fan in finzenisstraf, dy steat dan ek ferantwurdlik is foar it wolwêzen fan dy persoan wylst er yn it tichthûs ferkeart.

De Feriene Steaten[bewurkje seksje | edit source]

Neffens it ferslach Sexual Victimization in Prisons and Jails Reported by Inmates fan it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken hawwe yn 2011-2012 nei skatting 4,0% fan 'e finzenen yn federale finzenissen en 3,2% fan 'e finzenen yn oare tichthuzen in klacht yntsjinne oer seksueel misbrûk troch in oare finzene of troch finzenispersoniel. Hoewol't dat persintaazje al folle heger leit as bûten finzenissen, moat it wiere oandiel noch folle heger lizze, mei't de measte finzenen gjin offisjele klacht yntsjinje sille. Yn it foarste plak spilet skamte dêrby in wichtige rol, perfoarst as it giet om in manlike finzene dy't troch in oare manlike finzene misbrûkt of ferkrêfte is, en oard moat jin deroer te oppenearjen grif gefaarlik wêze (of lykje te wêzen) foar it slachtoffer sels, yn it bysûnder as de dieder of dieders sipiers binne.

It Amerikaansk Federale Buro fan Finzenissen rûsde yn 1992 dat it persintaazje finzenen dat ûnder harren straf seksueel misbrûkt wurdt tusken de 9 en 20% lizze moat. Ut ûndersiken út 1982 en 1996 waard opmakke dat it foarkommen om 'e 14% hinne lei, wylst in stúdzje fan Daniel Lockwood út 1986, dat him beheinde ta ekstra befeilige ynrjochtings yn 'e steat New York, it om 'e 23% hinne hawwe woe. Dêrtsjin stekt it ûndersyk fan Christine Saum, út 1994, skril ôf; neffens har lei it persintaazje om 'e 5% hinne. De Prison Rape Elimination Act of 2003 wie de earste Amerikaanske federale wet dy't spesifyk bedoeld wie om finzenisferkrêfting tsjin te gean.

Misbrûk fan froulike finzenen troch sipiers[bewurkje seksje | edit source]

In spesifike foarm fan finzenisferkrêfting is it misbrûk troch manlike sipiers fan froulike finzenen. Neffens in ferslach fan Amnesty International, út 1999, bestie doe 41% fan alle sipiers yn Amerikaanske frouljusfinzenissen en op frouljusôfdielings fan mingde finzenissen út manlju. Boppedat meie yn 'e Feriene Steaten, oars as dat yn 'e measte oare Westerske lannen it gefal is, manlike sipiers froulike finzenen fûljearje en tasjen as froulike finzenen dûse en harren oan- en útklaaie. Ek wie it (yn 1999) yn trettjin Amerikaanske steaten legaal dat sipiers en finzenen seks mei-inoar hiene.

Neffens de minskerjochte-organisaasje laten sokke praktiken ta wantastannen wêrby't froulike finzenen geregeldwei ûnseedlik betaast en ferkrêfte waarden troch de manlike sipiers en sels as seksslavinnen ferkocht waarden oan manlike finzenen. Fierders hikkele Amnesty Itenatioal de minne ôfhanneling fan klachten fan froulike finzenen oer seksueel misbrûk en it feit dat dieders mar amperoan bestraft waarden. Amnesty krong der by de Amerikaanske oerheid op oan om tenei inkeld mar mear froulike sipiers yn te setten yn frouljusfinzenissen en -ôfdielings. "De froulju binne feroardiele ta finzenisstraf, en net ta seksueel misbrûk," sa skreau de minskerjochte-organisaasje.[1]


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

noaten

  1. Bewakers misbruiken vrouwen in cellen VS, Parys, parseberjocht AFP, Reuters, yn: de Ljouwerter Krante, 4 maart 1999.

boarnen
Foar fierdere boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.