Springe nei ynhâld

Fanny zu Reventlow

Ut Wikipedy
Franziska grevinne zu Reventlow ± 1895/1900

Franziska (grevinne fan) Reventlow, wiere namme Fanny Liane Wilhelmine Sophie Auguste Adrienne Gräfin zu Reventlow, (Hüsem, 18 maaie 1871 - Locarno, 26 july 1918)[1] wie in Dútske skriuwster, keunstner en oersetter, dy't ferneamd waard as de "Bohemien grevinne" fan Schwabing (in ferdivedaasjedistrikt yn München) yn de jierren foar de Earste Wrâldkriich.[2]

It famyljeslot yn Hüsum

Franziska (of Fanny, sa't hja neamd waard) Reventlow waard berne yn Noard-Fryslân; hja wie de fyfde fan seis bern fan de Prusyske aristokraat Ludwig Graf zu Reventlow (1825-1894) en syn wiif Emilie (1834-1905). De famylje wie goekunde fan de Noard-Dútske skriuwer Theodor Storm. Har broer Ernst Graf zu Reventlow wie in ultra-rjochtse nasjonalist dy't letter in Nazi waard.

As jong famke hie se in soad skeel mei har mem. Sy waard fan de kostskoalle stjoerd omdat hja har misdroech en te min respekt foar autoriteiten oer toande. Troch har freonerûnt, dy't harsels de „Ibsen-Club“ neamde, kaam hja al jong mei maatskippijkrityske literatuer en it wurk fan Nietzsches yn de kunde. At har âlden yn 1892 har geheime briefwikseling mei har freon Freund Emanuel Fehling ûntdekke, waard sy yn 1893 nei in befreone dûmny's húshâlding fan de famylje stjoerd, om te 'ferbetterjen', mar flechte nei Hamburch. Alle kontakt mei har famylje wurdt dan ferbrutsen. Yn Hamburch moete hja Walter Lubke, dy't har stúdzje keunst yn München betelle en mei wa't hja yn 1894 troude.

It houlik gie stikken doe't hja yn 1895 wer nei München gie om har stúdzje fuort te setten; de skieding wie yn 1897. Yn septimber fan dat jier waard har soan Rolf berne - sy hat de namme fan syn heit nea ûntfâlde.

Yn München kaam sy troch de tiid mei oersetwurk en it skriuwen fan koarte artikels foar blêden en kranten, sa as it satiryske Simplicissimus en de Frankfurter Zeitung; sy krige 5 mark foar eltse grap yn Simplicissimus. Nei wat aktearlessen yn 1898 kaam hja oan 't wurk by it Theater am Gärtnerplatz. Fierders hie hja baantsjes sa as sekretaresse, kokshelp, fersekeringsaginte om brea op de planke te hâlden. Sa't doe wenstich wie yn bohemiënfermiddens waard hja finansjeel stipe troch manlike freonen en sljochtwei kunde. Earmoed, sykte en miskreamen tekenje fierders har bohemienlibben yn München

Fanny wie part fan it 'Kosmyske Rûnte' yn München om de mystikus Alfred Schuler hinne, Karl Wolfskehl en Ludwig Klages hearden der ek ta, dy't ûnder bittere omstannichheden yn 1904 bruts. Sy skreau oer har ûnderfinen by de Rûnte, dêr't hja troch har ûnecht bern en har frije eroatyske hâlden en dragen bekend stiet as „heidnische Madonna“ en „Wiedergeburt der antiken Hetäre“, yn har kaairoman Herrn Dames Aufzeichnungen (1913). Hja krige ek kunde oan Theodor Lessing, Erich Mühsam, Oskar Panizza, Rainer Maria Rilke, Marianne von Werefkin, Alexej von Jawlensky en in protte oare lju by de "Munchener Modernen". Sy reizge yn 1900 mei har soan nei Samos (1900), Itaalje (1904, 1907) en Corfu (1906/1907).[3]

Sy ferruile München foar Ascona yn Switserlân (Monte Verità) yn 1910; dêr skreau hja har "Schwabing" romans. Yn 1911 boaske sy oan Baron Alexander von Rechenberg-Linten, in saaklik houlik, dat him rjocht joech op in erfenis fan 20,000 mark. Hy ferlear dat jild lykwols by de delfal fan in bank yn 1914.

De Kosmiker: Karl Wolfskehl, Alfred Schuler, Ludwig Klages, Stefan George, Albert Verwey, ±1900

Yn 1916 ferfarde hja nei Muralto oan it Lago Maggiore. Sy stoar yn 1918, nei in ûngemak mei de fyts, yn in klinyk yn Locarno en kaam te hôf by de Selva-tsjerke yn Locarno. Emil Ludwig wie sprekker op de begraffenis.

Reventlow liet in tige ûnortodoks lûd hearre yn de iere frouljusbeweging yn Jeropa. De measten fan har froulike meistriders diene war foar bettere sosjale, politike en ekonomyske rjochten foar froulju; Reventlow miende dat fûle feministen, dy't hja bestimpele as "viragoes," de frouljussaak skansearren troch neat witte te wollen fan de natuerlike ferskillen tusken man en frou. Reventlow hold út dat seksuele frijheid en it ôfskaffen fan it houlik, de bêste wize wie om in mear sosjaal gelike posysje neist manlju te berikken.

Nettsjinsteande Reventlow's skepsis foar it feminisme oer, waard hja yn de 1970er/1980er jierren lykwols dochs fanwegen har ûnkonfinsjonele libbensstyl ta in ikoan fan de seksuele revolúsje en de frouljusbeweging.

  • (mei Otto Eugen Thossan) Klosterjungen. Humoresken (twa ferhalen), Wigand, Leipzig 1897
  • Das Männerphantom der Frau (Essay), yn: Zürcher Diskußionen 1898
  • Was Frauen ziemt (Essay); mei de titel Viragines oder Hetären? yn: Zürcher Diskußionen 1899
  • Erziehung und Sittlichkeit (Essay), yn: Otto Falckenberg, Das Buch von der Lex Heinze. Leipzig 1900
  • Ellen Olestjerne, J. Marchlewski, München 1903
  • Von Paul zu Pedro. Amouresken, Langen, München 1912
  • Herrn Dames Aufzeichnungen oder Begebenheiten aus einem merkwürdigen Stadtteil, Langen, München 1913
  • Der Geldkomplex, Langen, München 1916
  • Das Logierhaus zur Schwankenden Weltkugel und andere Novellen, Langen, München 1917
  • Tagebücher(ed. Irene Weiser, Jürgen Gutsch), Stutz, Passau 2006

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stein, Gerd 1982, Bohemien-Tramp-Sponti. isbn= 3596250358
  • Wendt, Gunna 2008. Franziska zu Reventlow. Die anmutige Rebellin. Biografy. isbn 978-3-351-02660-8
  • Egbringhoff 2000. Franziska zu Reventlow. isbn= 3-499-50614-9
  1. Doopboeken, Hüsem
  2. [1] Franziska Gräfin zu Reventlow; Katharina von Hammerstein; lêste kear bewurke 2006; Fembio.org; sjoen 2009-02-02
  3. Stein, sd. 95-111