Albert Verwey

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Albert Verwey om 1885 hinne

Albert Verwey, offisjeel: Verweij (Amsterdam, 15 maaie 1865 - Noardwyk oan See, 8 maart 1937) wie in Nederlânske letterkundige (dichter en essayist). Hy hearde by de beweging fan de Tachtigers. As gast fan Stefan George wie er yn 1898 yn München en waard er yn de rûnte fan de Kosmikers ûntfongen. Syn gedichten hearre by it literêre symbolisme.

De earste tydskriften[bewurkje seksje | edit source]

Verwey hearde mei Frank van der Goes, syn mentor Willem Kloos en in stikmannich oere letterkundigen, yn 1885, ta de oprjochters fan it literêre tydskrift De Nieuwe Gids; Verwey waard redakteur en redaksjesekretaris. De Nieuwe Gids soe oant 1943 bestean.

Doe't de Nieuwe Gids troch skeel yn de redaksje yn de nederklits rekke wie, rjochte Verwey mei Lodewijk van Deyssel it Tweemaandelijksch Tijdschrift voor letteren, kunst, wetenschap en politiek op (1894), dat yn 1902 omdoopt waard yn it moanneblêd De XXe Eeuw (1909 fusearre mei De Nieuwe Gids).

Albert Verwey
troch Jan Veth

De Beweging[bewurkje seksje | edit source]

In skeel oer de koers fan "De XXe Eeuw" makke dat Verwey yn 1904 út de redaksje stapte, dy't er fan de oprjochting fan it "Tweemaandelijks Tijdschrift" ôf tegearre mei Van Deyssel foarme hie. Hy begûn in eigen tydskrift: De Beweging, algemeen maandschrift voor letteren, kunst, wetenschap en staatkunde. "De Beweging" kearde him tsjin ympresjonistyske en naturalistyske keunstopfettings en hie, it Tweemaandelijks Tijdschrift neifolgjend, in algemien kultureel karakter. Yn jannewaris 1905 ferskynde it earste nûmer. Yn it begjin wie Verwey de iennichste redakteur, mar yn 1908 waard de redaksje útwreide mei ûnder oaren de arsjitekt Berlage.

Yn ferhâlding brocht "De Beweging" in protte poëzij: neist Verwey sels, fynt men yn de jiergongen bekende nammen, sa as Van Eyck, Bloem, Van Vriesland, Nijhoff en Marsman; Verwey bleau lykwols de sintrale figuer dy't de toan oanjoech mei boekbesprekkingen, essays en krityske artikelen oer poëzij, ek ynternasjonaal: Verwey waard yn dy tiid hiel bot beynfloede troch dichters as de Dútser Stefan George. It tydskrift soe oant 1919 bestean bliuwe.

Verweys poëzij liket somtiden ienfâldich, dan wer ûntagonklik en riedseleftich. "Toan" en "klank", inte op de "van binnenuit inspirerende idee" wienen kaaibegripen yn syn gedichten, yn in wichtich part dêrfan klinkt de nauwe besibbens troch dy't er seach tusken literêre keunst en oare uteringen fan artistisiteit en skeppingsdriuw, fral de skilderkeunst fan de 17e ieu, in oertsjûging dêr't Verwey him ek as kritikus troch lieden litten hat. Wol kin der út en troch wat diskepansje tusken heechdravende titels (De Nieuwe Tuin; De Kristaltwijg; Het Blank Heelal; De Weg Van Het Licht; De Getilde Last; Het Lachende Raadsel) en ynhâld fan syn ferzebondels fûn wurde, en waard de rûnte fan dichters en oare keunstners fan it tydskrift "De Beweging" somtyds gekjeiend as de "Noordwijker Kamer" oanstsjut, mar dêr stienen syn drege stúdzjes fan Vondel, Potgieter, Bilderdijk of Spieghel wer tsjinoer. Verwey sette ek wurk fan Shelley en Hofmannsthal oer yn in "Poëzie in Europa" (1920). Syn essays oer "mensen en stromingen" út de earste desenniums fan de 20e ieu binne bondele yn tsien dielen "Proaza" (1921-23).

Yn de perioade fan "De Beweging" wie Verwey sûnder mis ien fan de figueren mei it measte gesach yn de Nederlânske Letteren. Fan de Universiteit Grins ûntfong er yn 1914 in earedoktoraat, hoewol't er himsels, al as net wier miend, altyd autodidakt neamen bleau om't er gjin akademyske stúdzje ôfmakke hie.

Beurs fan Berlage[bewurkje seksje | edit source]

Om de ieuwikseling hinne wie Verwey nau belutsen by it ta stân kommen fan de nije Keapmansbeurs (1898-1903) fan Amsterdam (Beurs van Berlage). Berlage hie Verwey frege om it dekoraasjeprogramma fan de Beurs te koördinearjen. Sadwaande krige Verwey - neist Berlage - in bepalende ynfloed yn it ferwurklikjen fan dat Gesamtkunstwerk. Verwey en Berlage arbeiden by dit projekt yn'e mande mei oare foaroansteande keunstners: Toorop, Roland Holst, Mendes da Costa, Derkinderen en Zijl.
Verwey basearre it programma op twa tema's: 1. Amsterdam as wichtige hannelsstêd en 2. It stribjen nei in klasseleaze maatskippij dêr't jild gjin rol mear yn spilet. Foar de ferskillende romtes makke er gedichten, meast yn de foarm fan fjouwerrigels. Dizze gedichten ferhelje oer de spesifike funksje fan de romte én biede in idealistyske takomstfyzje. De tekst boppe de yntree oan it Beursplein is in goed foarbyld:

Als voorhoofd strekt de steen op de ingangsbogen
't Verstand des handels breke in heldre lijn
Daaruit: Tusschen zoo mensch als dingen zijn
Veel omgangsdaden die 't bestaan beoogen.

Ek de twa rigels op de klokketoer fan de Beurs binne fan Verwey:

Duur uw uur - Beidt uw tijd.

Leienske perioade[bewurkje seksje | edit source]

Fan 1924 oant 1935 wie Verwey heechlearaar yn Leien. Ek wie er lid fan de Kommisje-Marchant, dy't yn de trittiger jierren in staveringsfernijing oan it tarieden wie.

Verweys lêste grutte wurk wie in nije útjefte fan Vondel (1937). Postúm ferskynde noch syn stúdzje oer Frederik van Eeden (1939), dy't noch datearre út syn tiid as professer. Ek nei syn emeritaat, wie er yn syn lêste libbensjierren noch tige warber. Syn politike engaazjemint die bliken út de "tijdsgedichten" út de jierren doe't it nasjonaal-sosjalisme yn Dútslân opgong makke. Verwey publisearre somtiden ûnder skûlnammen; bekend binne: Homunculus, Alan Lichtenberger, A. de Mare, M. Wenke. It Verwey-Argyf sit yn de Bibleteek fan de Universiteit fan Amsterdam.

Kar út it wurk[bewurkje seksje | edit source]

Poëzij[bewurkje seksje | edit source]

  • Persephone en andere gedichten. De Haach: Rössing, 1885.
  • Van het leven. Een gedicht in sonnetten door Albert Verwey. Amsterdam: Versluys, 1889.
  • Verzamelde gedichten van Albert Verwey. Amsterdam: Versluys, 1889.
  • Spaansche reis. z.p.: z.u., [1893].
  • Aarde. Gedichten van Albert Verwey. Amsterdam: Scheltema & Holkema, 1896.
  • De nieuwe tuin. Amsterdam: Versluys, 1898.
  • Het brandende braambosch. Amsterdam: Versluys, 1899.
  • De kristaltwijg. Amsterdam: Versluys, 1903.
  • Het blank heelal. Amsterdam: Versluys, 1908.
  • Het eigen rijk. 's-Gravenhage: De Zilverdistel, 1912.
  • Het zichtbaar geheim. Amsterdam: Versluys, 1915.
  • Het zwaardjaar. Amsterdam: Versluys, 1916.
  • Goden en grenzen. Amsterdam: Versluys, 1920.
  • De weg van het licht. Santpoort: Mees / Antwerpen: De Sikkel, 1922.
  • De maker. Santpoort: Mees / Antwerpen: De Sikkel, 1924.
  • De legende van de ruimte. Santpoort: Mees, 1926.
  • De getilde last. Santpoort: Mees, 1927.
  • De figuren van de sarkofaag. Santpoort: Mees, 1930.
  • De ring van leed en geluk. Santpoort: Mees, 1932.
  • Het lachende raadsel. Santpoort: Mees, 1935.
  • De dichter en het derde rijk. In gedicht. Santpoort: Mees, 1936.
  • In de koorts van het kortstondige. Santpoort: Mees, 1936.
  • Oorspronkelijk dichtwerk. Amsterdam: Querido / Santpoort: Mees, 1938.

Beskôgings, oersettingen[bewurkje seksje | edit source]

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Pen en penseel. Bysûnder nûmer fan Critisch Bulletin. De Haach: Daamen, 1947.
  • De briefwisseling tussen Lodewijk van Deyssel en Albert Verwey. Met een woord vooraf en voorzien van aantekeningen, bezorgd door Harry G.M. Prick. [Rige:] Achter Het Boek. 3 dln. De Haach: Nederlands Letterkundig Museum en Documentatiecentrum, 1981-86.
  • Bakker, Siem: Literaire tijdschriften. Van 1885 tot heden (Rige: Synthese). Amsterdam: De Arbeiderspers, 1986.
  • Kemperink, M.G., Nederlands toneel in het Fin de Siècle 1890-1900, Amsterdam: Amsterdam University Press, 1995

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]