Falens

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Munt mei ôfbylding fan Falens

Falens, folút yn it Latyn Flavius Iulius Valens (328 - 9 augustus 378) wie in Romeinske keizer fan 28 maart 364 oant 9 augustus 378.

Jeugd[bewurkje seksje | edit source]

Falens wie berne yn Cibalis (tsjintwurdich Vinkovci), yn it suden fan Pannoanje. Syn heit Gratianus de âldere, wie in bekend en respektearre generaal. Hy wie de jongere broer fan Falentinianus I. Yn tsjinstelling ta dizze broer hie Falens gjin wiidweidich militêre karriêre trochmakke.

Troch syn âldere broer waard Falens by it regear fan it Romeinske ryk belutsen as mei-keizer. Op 28 maart 364 beneamde Falentinianus him as keizer fan it easten wêrby Falens in ûnderhearrige rol spile.

De Opstân fan Prokopius (364-367)[bewurkje seksje | edit source]

As earste moast Falens de grinzen yn it easten feillich stelle, dy't troch syn foargonger keizer Jovianus yn alle gauwens ferlitten wienen. Healwei krige Falens te hearren dat yn Konstantinopel Prokopius, in neef fan eartiidse keizer Julianus Apostata, him as keizer útroppen litten hie.

Dizze Prokopius hie in soad minsken op 'e hân, benammen meistanners fan de keizers út de dynasty fan Konstantyn, wêrûnder in protte yntellektuelen, dy't harren troch Falens ûnderdrukt fielden, en de dochter en widdo fan Konstantius II.

Falens koe yn it begjin ferhipte min oer de opstân en wie foaral depressyf. It wie sels sa dat er besocht om jinsels tekoart te dwaan, mar hy besleat dochs om te fjochtsjen. Lykwols waard er hindere troch it feit dat it grutste part fan syn troepen al yn Syria siet. Falens stjoerde in lyts leger foarút tsjin Prokopius mar sy waarden troch de usurpator omkocht en it skilde net folle oft Falens wie finzen naam. Hy hoechde ek gjin stipe fan Falentinianus te ferwachtsjen, want dy hâlde him allinnich dwaande mei it westlik part fan it ryk. Sadwaande kontrolearde Prokopius in grut part fan it easten.

Lykwols hie Falens yn maaitiid fan 366 genôch troepen sammele om tsjin Prokopius op te lûken. Hy fersloech syn tsjinstanner by Thyatira en slagge deryn om dy syn soldaten oan syn side te krijen. Dêrmei hie er Prokopius ferslein.

Omdat Prokopius in bûnsmaatskip hie mei Fisigoaten wie Falens syn folgjende set in fjildtocht oer de Donau. Yn 367 luts er de rivier oer om de Goatyske kening Atanarik it leksum te lêzen. Atanarik waard op de flecht jage rjochting de Karpaten. Twa jier letter kaam Falens werom en opnij fersloech er de Fisigoaten. Diskear sleat hy frede my in oare Fisigoatyske lieder: Fritigern. Falens besocht ek Atanarik hjirmei te isolearjen.

De Oarloch mei Perzje en oare problemen[bewurkje seksje | edit source]

Neidat Falens de oarder wersteld hie, moast er nei de grins mei de sette Perzen, dêr't de Perzyske kening Shapur II de provinsje Armeenje oermastere hie. Nei in protte hinne en wer gedoch, waard der in soarte frede sletten 371, benammen omdat de Perzen yn it easten sels problemen hienen. Mar de nije kening fan Armeenje, in jonge dy't Pap hiet, en dy't troch Falens mei muoite op de troan setten wie, soarge lykwols foar in protte swierrichheden. Hy deade de biskop fan Armeenje en woe dat alle Romeinske stêden oan him oerdroegen waarden. Dêrom liet Falens him eksekutearje, mar dêr wienen de Perzen it wêr net oer iens en sadwaande ûntstie der op'e nij oarloch yn 375. Dêrby kaam ek noch in opstân fan de Sarasenen en de Isauriërs. Falens wie amper by staat dizze del te slaan.

Falens ein[bewurkje seksje | edit source]

Omdat Falens op fersyk fan Falenintianus troepen nei it westen stjoerd hie, hie hy sûnt 374 foaral in tekoart oan soldaten. Dêrom kaam it him wol goed út doe't groepen Fisigoaten, dy't op flecht wienen foar de Hunnen, fregen om talitten te wurden yn it East-Romeinske ryk. Falens woe dizze as foederaty oan syn leger tafoegje. Lykwols koenen syn soldaten de ferhuzing net ûnder kontrole hâlde, en sa waarden de Goaten al gau folge troch Hunnen en Alanen. Yn 377 eskalearre de situaasje en marsjearden de Goaten sûnder folle tsjinstân Traasje yn. Falens frege help by Gratianus, de opfolger fan de yn 375 ferstoarne Falentinianus, mar besleat hjir net op te wachtsjen. Hy foel de Goaten oan op 9 augustus by Adrianopel, en waard ferpletterjend ferslein. Hy stoar koart nei de slach, omdat er him yn in toer ferskânze hie dy't yn de brân stutsen waard.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]