Sarasenen
Ut Wikipedy
Sarasenen is in oare beneaming foar de Arabieren, dy't al hiel ier yn de skiednis (1e ieu) troch klassike skriuwers brûkt waard om dit folk mei oan te tsjutten. Yn de 8e ieu bekearden de Sarasenen har ta de islam en yn de midsieuwen soe it de gewoante wurde om alle moslims en letter ek alle tsjinstanners fan de kristenen, oft sy no Arabysk, Perzysk of Turksk wienen Sarasenen te neamen.
De Sarasenen wienen yn de midsieuwen raar ferneamd yn Jeropa as piraten en plonderers. In protte stêdswâlen om de stêden by de Midlânske See lâns waarden boud om har tsjin dizze oanfallen te beskermjen. Hjirtroch hat de term oer it generaal in minne byklank krigen.