Springe nei ynhâld

Edzard de Grutte fan Eastfryslân

Ut Wikipedy
Edzard de Grutte fan Eastfryslân
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Eastfrysk
bertedatum jannewaris 1462
berteplak Greetsiel
stjerdatum 14 febrewaris 1528
stjerplak Emden
Greve fan Eastfryslân
regear 14911528
foargonger Enno I
opfolger Enno II

Edzard de Grutte of Edzard I (Greetsiel, jannewaris 1462 - Emden, 14 febrewaris 1528), út it haadlingelaach Sirksena, wie greve fan Eastfryslân fan 1491 oant syn dea yn 1528. Hy hat besocht nei de ein fan de Fryske frijheid safolle mooglik Fryske lannen ûnder syn gesach te bringen. Yn de Kanon fan de Fryske skiednis wurdt er de Bouwer fan in Fryske steat neamd.

Edzard wie de twadde soan fan greve Ulrik Sirksena en Theda Ukena. Nei de dea fan syn heit yn 1466 fierde Theda it bewâld oer Eastfryslân. Om 1480 hinne krige de âldste soan Enno de titel greve fan Eastfryslân. Yn 1481 kaam Edzard oan de universiteit fan Keulen dêr't er Roomsk rjocht studearre. Yn 1491 stoar Enno by in ûngemak sadat Edzard ta greve fan Eastfryslân beneamd wurde koe. By it ferstjerren fan Enno siet Edzard yn Jerusalem, dêr't er him ta de Oarder fan it Hillich Grêf riddere litten hie. Nei syn weromkomst yn 1492 bestjoerde Edzard Eastfryslân mei syn mem. Nei de dea fan syn mem yn 1494 dielde hy it bewâld mei syn, net sa wichtige broer, mei net safolle ynfloed, Uko. Op 27 july 1497 troud Edzard mei Elisabeth von Rietberg, mei wa't er sân bern krige.

Konsolidaasje fan syn macht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Edzard syn heit Ulrik hearske formeel oer it hiele Fryske gebiet tusken de Iems en de Wezer. Syn macht rikte lykwols net hielendal oan de Wezer ta. Edzard hie de ambysje en bring it hiele gebiet ûnder syn gesach. Yn it tiidrek 1495-1497 makke Edzard regaad yn it Harlingerlân en Jeverlân. Mei in lyts leger twong Edzard Sirksena de beide haadlingen Edo Wiemken fan Jeverlân en Hero Omken fan it Harlingerlân om har del te jaan ûnder syn macht. Yn Rustringen waard er yn de maitiid fan 1500 troch de befolking erkend.

Machtsútwreiding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de konsolidaasje fan syn macht tusken Iems en Wezer woe Edzard syn ynfloed nei it westen ta útwreidzje. Hy liet yn earste ynstânsje it each falle op de Lauwers as westlike grins. Yn 1498 hie keizer Maksimiliaan I de hartoch Albrecht fan Saksen beneamd ta potestaat oer alle Fryske gebieten. Edzard joech him del ûnder syn feodale plichten dy't troch de keizer oplein waarden. Nei de dea fan Albrecht fan Saksen yn 1500 waard syn soan George fan Saksen potestaat oer de Fryske lannen. Krekt as by Albrecht fan Saksen erkende Edzard Sirksena George fan Saksen as syn lienhear. Edzard Sirksena stipe George fan Saksen by it bestjoeren fan Westerlauwersk Fryslân en de stêd Grins, dêr't grutte wjerstân wie tsjin de Dútske machthawwers. Fan 1499 ôf komme Appingedam en it Oldamt ûnder Edzard syn macht. Yn it jier 1506 erkend de stêd Grins Edzard Sirksena as hear. Dêrmei hie Edzard Sirksena syn macht oan de Lauwers ta útwreide.

Edzard Sirksena waard steedhâlder fan de Ommelannen. Formeel wie Edzard steedhâlder út namme fan de hartoch fan Saksen, mar yn de praktyk koe er dêr syn eigen gong gean. Yn Westerlauwersk Fryslân hie er ûnderwilens ek oanhingers krigen. De Saksyske bestjoerders, dy't feitlik út namme fan it Hillige Roomske Ryk it bewâld hienen, waarden stadichoan benaud foar Edzard syn macht. Dat die benammen bliken doe't der yn 1512 twa Fryske eallju ûnthalze wurde op fertinking fan kontakten mei Edzard.

It Saksyske Skeel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De resten fan de Fêsting Leerort Tekening fan de Fêsting Leerort út 1632
De Fêsting Leerort spile in belangrike rol yn it Saksyske Skeel.

Doe't hartoch George fan Saksen troch Keizer Maksimiliaan I yn 1514 beneamd waard ta steedhâlder fan alle Fryske lannen, waard dat troch de stêd Grins wegere. Greve Edzard seach dat foarfal as in mooglikheid om de stêd Grins en de Ommelannen foarfêst ûnder syn gesach te bringen en wurp him op as beskermhear fan de stêd Grins. Yn Aduard falle de Friezen ûnder syn lieding in Saksysk leger oan, hokker foarfal de oanrin wêze soe ta it Saksyske Skeel, de oarloch tsjin yn earste ynstânsje de hartoggen fan Saksen en doe't dy harren oanspraken opjoegen de kening fan it Hillige Roomske Ryk Karel V.

Yn 1514 setten 24 hartoggen en greven fan it Hillige Roomske Ryk mei in grut leger nei Fryslân. De strideraasjes dy't yn it tiidrek 1514-1517 folgen, binne ûnderdiel fan it Saksyske Skeel. Earst besykje se mei sa'n 20.000 man de Fêsting Leerort by de stêd Lier te feroverjen. Troch ien kannonskot waard de oanfierder fan dat leger deade en lutsen har dêrtroch werom út de striid. Dêrnei folgen yn 1514 allinnich mar ferliezen foar Edzard. Yn dat jier wurdt Auwerk oanfallen, troch striid en brânstifting stiet hast gjin bouwurk mear oerein. De measte ferdigeningswurken en boargen yn Eastfryslân wurde troch it leger fan it Hillige Roomske Ryk oermastere. De fal fan Appingedam, dêr’t hûnderten boargers by fermoarde waarden, betsjutte de ein fan syn hearskippij oer de Ommelannen.

Skildering fan Edzard de Grutte út de 18e iuw.

Yn 1515 slacht Edzard de Grutte tebek en feroveret Eastfryslân foar in grut part werom. George fan Saksen ferlear dêrtroch syn macht yn de Fryske lannen en ferkeapet syn oanspraken op Grinslân en Fryslân oan keizer Karel V. Dêrmei einige de Saksentiid yn Westerlauwersk Fryslân en de Grinzer Ommelannen. It Saksyske Skeel kaam yn desimber 1517 mei in fredesferklearring ta in ein.

Yn de tweintiger jierren komt de reformaasje nei Eastfryslân ta. Edzard wie gjin tsjinstanner fan de Reformaasje, mar hold him der ek net aktyf mei dwaande. Dizze hâlding fan him tsjinoer de Reformaasje soe letter bliken, wie tige bepalend foar de lettere ûntjouwing fan de reformaasje yn Eastfryslân.

Edzard krige út it houlik, dat yn 1498 sletten wie mei Elisabeth von Rietberg, sân bern, wêrfan fjouwer dochters en trije soannen. Omdat it geastlike fermogen fan syn âldste soan net tarikkend wie om syn hearskappij oer te nimmen, fierde Edzard yn 1527 de Primogenituer (erfopfolging foar it earste bern) yn it Hûs Sirksena yn.

Edzard stoar op 14 febrewaris 1528 yn Emden en leit yn Kleaster Marienthal yn Norden. Yn de lette 16e iuw, in tiid dy't foar Eastfryslân net sa bêst wie, waard Edzard I yn de neitins fan de befolking ferhearlike as 'Edzard de Grutte'.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: