Dualisme (religy)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It dualisme is in foarm fan godstsjinst dy't njonken polyteïsme (meargoaderij) en monoteïsme (it leauwen yn ien God) stiet. It giet derfan út dat der twa yn macht en posysje min ofte mear gelikense begjinsels (meastal omset yn goaden) binne, ornaris foarinoaroer steand as goed en kwea, mar yn elts gefal ûnôfhinklik faninoar.

Radikaal dualisme en mijen dualisme[bewurkje seksje | edit source]

Der binne twa foarmen fan religieus dualisme: radikaal dualisme en mijen dualisme. It radikale dualisme is in leauwenssysteem wêryn't twa ivige prinsipes, ornaris ferpersoanlikings fan goed en kwea, beide like ferantwurdlik holden wurde foar de skepping fan alle dingen. Yn it mijene dualisme, dat ek wol monargysk dualisme neamd wurdt, komt it twadde prinsipe (meastal it kwea) folle letter foar 't ljocht en tanket dat syn ûntstean almeast oan in flater yn it systeem fan it earste prinsipe (ornaris it goede).

Dualistyske eleminten yn net-dualistyske religyen[bewurkje seksje | edit source]

Alle godstsjinsten, ek dy dy't yn har folsleinens net dualistysk neamd wurde kinne, hawwe eins wol dualistyske eleminten. Dy binne benammen yn 'e myten werom te finen, en dan fral yn dy myten dêr't in saneamde trickster yn foarkomt. De term trickster, Ingelsk foar "grapmakker", hâldt in snoad, slûchslim en faak grappich personaazje yn, dat foarkomt yn myten fan oer de hiele wrâld. De trickster kin in minske of in bist wêze, is meastal manlik, mar soms froulik en faak bi- of transseksueel. Ek is er gauris in god of healgod, of docht er him foar as sa'nent. Foarbylden fan bekende tricksters binne Set yn 'e Egyptyske, Prometeus yn 'e Grykske en Loky yn 'e Germaanske mytology.

Yn in protte myten ferfollet de trickster de rol fan twadde skepper fan 'e wrâld of fan in part fan 'e wrâld, wêrby't er it wurk fan 'e heechste god bedjert en ferantwurdlik is foar de yntroduksje fan alle ellinde (pine, sykte, dea, ensfh.). Meastal giet it yn soksoarte myten om radikaal dualisme. De skeppingsmyte fan it joadendom en it kristendom, lykwols, befettet in mijen dualisme. De trickster is dêr nammentlik de slange, dy't troch Adam en Eva fan harren seksualiteit bewust te meitsjen de ferdriuwing út it paradys en dêrmei alle ellinde yn 'e wrâld feroarsaket (Genesis 3). De slange is yn dit ferhaal in manifestaasje fan 'e duvel, de duvel is in fallene ingel en de ingels wiene skepen troch God; sa komt it twadde prinsipe hjir fuort út it earste.

Dualistyske religyen[bewurkje seksje | edit source]

Njonken dualistyske eleminten yn net-dualistyske religyen besteane der ek poer dualistyske religyen. Wat de fierdere lear oangiet, kinne dy fariëarje fan antykosmisme (de lear dat de wrâld kwea is) en/of antysomatisme (de lear dat it lichem kwea is), oant prokosmisme (de lear dat de wrâld goed is) en/of prosomatisme (de lear dat it lichem goed is). Dualistyske religyen út it ferline binne bygelyks it servanisme, it gnostisisme en it manigeïsme. Ek binnen it kristendom fûn it dualisme yn 'e rin fan 'e tiid yngong, bygelyks by guon ier-kristlike gnostyske sekten, mar ek by de Midsieuske bogomilen fan Bulgarije en kataren fan Súd-Frankryk. In dualistyske godstsjinst dy't hjoed de dei noch bestiet, is it soroästrisme.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bertholet, A., en Campenhausen, H. Freiherr von, Van Goor's Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, Den Haach, 1970.
  • Bowker, J., Een Wereld van Religies, Kampen, 1999.
  • Collins, R., ûnder redaksje fan, Indianen - De Oorspronkelijke Bewoners van Noord-Amerika, Amsterdam, 1995.
  • ―, Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • Eliade, M., en Coulião, I.P., Wereldreligies in Kaart Gebracht, Utert, 1992.
  • Langley, M., Wereldgodsdiensten, Kampen, 1996.
  • Smith, H., De Religies van de Wereld, Utert, 1999.