Manigeïsme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Manigeeske prysters oan skriuwtafels, foarsjen fan tekst yn it Sogdysk. Manuskript út Khocho (Tarimbekken).

It manigeïsme is in âlde religy dy't eartiids troch de profeet Many (216-276) stifte waard yn it âlde Perzje. Many groeide op yn 'e joadsk-kristlike sekte fan de elkesaïten (dy't mooglik besibbe wie oan 'e religy fan itmandeïsme), mar ferkundige op eigen manneboet, op grûn fan eigen gewaarwurdings, syn godstsjinstige ynsichten oan 'e minsken. Dizze ynsichten holden harren benammen dwaande mei de folsleine tsjinstelling tusken ljocht en tsjuster, tusken goed en kwea, tusken siel en stof. Dizze lear waard letter nei him it manigeïsme neamd. Yn dit gnostysk dualisme seach Many himsels as de troch Jezus taseine úteinlike iepenbierder. Many frege fan syn folgelings dat sy harren oan in strange askeze en oan in fegetaryske libbenshâlding holden. Neffens Many koe de siel weromkeare nei it ljocht. It manigeïsme beskikte oer in wiidweidige mytology.