Non-teïsme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It non-teïsme is in foarm fan religy dy't it leauwen yn goaden of ien inkele god net oanmoediget en mooglik sels bestriidt. De bekendste non-teïstyske religyen binne it boedisme en it konfusianisme. In part fan it hindoeïsme kin ek as non-teïstysk oantsjut wurde. Yn dy religyen wurdt it leauwen yn goaden dan wol net ôfwiisd, mar it wurdt ek grif net oanmoedige. Boedisten, bygelyks, beskôgje it leauwen yn goaden (of in god) as in needsaaklik en ûnskealik stadium yn 'e geastlike ûntjouwing fan 'e minske, mar net as eat dat helpe kin by syn ferlossing.

Non-teïsme is wat oars as ateïsme. It non-teïsme seit neat oer it al of net bestean fan goaden; it ateïsme docht dat wol, troch út te hâlden dat goaden net besteane.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bertholet, A., en Campenhausen, H. Freiherr von, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, De Haach, 1970
  • Bowker, J., Een Wereld van Religies, Kampen, 1999
  • Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962
  • Eliade, M., en Couliao, I.P., Wereldreligies in Kaart Gebracht, Utert, 1992
  • Langley, M., Wereldgodsdiensten, Kampen, 1996.
  • Smith, H., De Religies van de Wereld, Utert, 1999.