Dorchester (Oxfordshire)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Dorchester on Thames
Sintrum mei de abij op de eftergrûn
Sintrum mei de abij op de eftergrûn
Sifers
Ynwennertal 992 (2001)
Hichte 52 m
Polityk
Lân Ingelân
Greefskip Oxfordshire
Regio Súd East Ingelân
Oar
Tiidsône (UTC+0)
*Simmertiid (UTC+1)
Webside www.dorchester-on-thames.co.uk

Dorchester-on-Thames is in plak en civil parish yn it distrikt Súd Oxfordshire, yn it Ingelske greefskip Oxfordshire. Dorchester leit sa'n 3 km noardwestlik fan Wallingford en 8 km súdeast fan Oxford. Nettsjinsteande de namme leit Dorchester net oan de Teems, mar sa'n 500 meter dêr fan ôf.

The George Hotel oan de haadstrjitte

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De krite is teminsten sûnt de Nije Stientiid bewenne. Yn it noarden fan it karspel wie yn de prehistoarje in hillich plak, no foar it grutste part fernield troch it winnen fan gravel. Teffens binne der yn de omkriten oerbliuwsels fan delsettings út de Brûnstiid en de Izertiid fûn en noch binne resten fan in festing op in hichte út de Izertiid te sjen (Dyke Hill).

Dorchesters plak tichtby de dêr noch befarbere Teems hat altyd fan strategysk belang west. De Romeinen bouden der in vicus en leine in dyk oan dy't de stêd mei in militêr kamp yn Alchester (Latyn: Ælia Castra), 25 km nei it noarden.[1] Beda woe hawwe dat it kamp Dorcic hiet.[2]

Yn 634 stjoerde paus Honorius I biskop Birinus nei de delling fan de Teems om de Saksen dêre te bekearen ta it kristendom. Kening Cynegils fan Wesseks joech Dorchester oan Birinus as sit fan it nije Diosee fan Dorchester. It wie in ûnbidich grut diosee dat it grutste part fan Wesseks en Mercia besloech. Sadwaande wie Dorchester de facto haadstêd fan Wesseks. Letter waard Winchester haadstêd en troch Offa, kening fan Mercia ferôvere.

Yn 1072 waard de biskopssit fan Dorchester nei Lincoln ferlein.

Dorchester Abbey, de toer is út 1602
Normandysk doopfet út de eardere abdijtsjerke mei ôfbylden fan de tolve apostels

Yn de 12e ieu festigen de Augustinen har dêr en waard de abdijtsjerke fergrutte mei om de pylgerstream nei de skryn fan de hillige Birinus oan te kinnen. Kening Hindrik VIII hefte de abdij op yn 1536 en de skryn waard ferneatige. Sawaande bleau lyts plak mei in mânske tsjerke benefter.

De kleastergebouwen en de tsjerke waarden yn 1554 troch Richard Beauforest fan Dorchester opkocht; sûnt is it in Anglikaanske tsjerke.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

De abdij fan Dorchester Abbey is de tsjerke fan it plak en ek syn wichtichste toeristyske attraksje. Der is in museum yn de abdij.

Fan de leafst tsien herbergen en útspannings binne twa oerbleaun, The George en The White Hart.

Festivals[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Romano-British Town: Dorchester on Thames, Oxfordshire
  2. Barry C. Burnham and J. S. Wacher, The Small Towns of Roman Britain "Dorchester on Thames"