Springe nei ynhâld

Dokkumer Grutdjip

Ut Wikipedy
It Grutdjip yn Dokkum, sjoen nei it easten ta fan De Syl wei (2014)
Dokkumer Grutdjip by de Stienfeksterbrêge op 'e hichte fan Ie
Dizze side giet oer de rivier yn Noardeast-Fryslân. Foar de rivier yn Eaststellingwerf, sjoch: Grutdjip.

It Dokkumer Grutdjip as Dokkumer Djip wie eartiids de ferbining fan Dokkum nei iepen see. It wie in smelle see-earm dy't út de Lauwerssee wei oant Dokkum takaam en letter in soarte fan rivierke waard. Foar de oanlis fan de earste diken wie it Dokkumer Djip de ôfwettering fan it sintrale part fan Eastergoa. It Dokkumer Grutdjip is ek de grins fan 'e eardere gemeenten Dongeradiel mei Dantumadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân.

Foar de ôfsluting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1583 waard yn Dokkum in nije syl oanlein. Dy syl kaam yn plak fan de Aldsyl oan de westkant fan Dokkum. Tusken de Aldsyl en Dokkum leine ek noch de Boarnwirder Syl, foar de ôfwettering fan West-Dongeradiel, en de Dantumasyl, foar de ôfwettering fan it westlik part fan Dantumadiel. Dêrtroch ûntstiene swierrichheden omdat West-Dongeradiel en Dantumadiel it wetter net mear goed kwyt koene.

Yn 1584 waard al in foarstel dien de see-earm by de Lauwerssee ôf te sluten om de situaasje te ferbetterjen. Dokkum wie dêr poer op tsjin omdat sy de iepen ferbining mei de see net kwyt reitsje woene. Yn de neikommende 150 jier feroare de situaasje. Wylst noch yn 1596 yn Dokkum de Fryske Admiraliteit oprjochte waard, en de oarlochsskippen doe noch yn de stêd komme koenen, rekke it Dokkumer Djip yn de rin fan de 17e iuw fersâne ta in kringeljende stream. Op 16 augustus 1723 waard it foarstel troch de Deputearre Steaten oannommen om it Dokkumer Djip ôf te sluten.

De diken oan beide siden fan it Dokkumer Djip tsjinnen dêrom ek noch lange tiid as seediken en binne yn it lânskip noch dúdlik oanwêzich. Yn de súdlike dyk, de Wâlddyk, wiene ek noch trije silen foar de ôfwettering fan it lân. Fan west nei east de Driezumer Syl, dêr't de Driezumer Sylried yn it djip útkaam; dan de Aldwâldmersyl, dêr't de Aldswemmer troch yn it djip útkaam; as lêste de Kollumer Syl dêr't de Kollumer Sylryd syn wetter yn it Dokkumer djip spijde.

Yn de omkriten fan de Aldwâldmersyl is by in dyktrochbrek op 22 febrewaris 1651 in grut wiel ûntstien. De dyk is letter bûten it plak fan de trochbrek om lein, en yndyks bleau it wiel, it Mâlegreefsgat, oer.

By de ôfsluting wie it plan om troch in ôfslútdyk en in ôfwetteringssyl mei skutslûs oan te lizzen it Dokkumer djip fan de Lauwerssee ôf te sluten. De Ljouwerter arsjitekt Claas Bockes Balck moast de slûs bouwe, de wetterboukundige Willem Loré moast mei de ôfslútdyk rêde.

Dokkumer Djip

Op 2 july 1729 wie de ôfsluting klear. Troch de ôfsluting kaam sa'n 600 bunder bougrûn beskikber. En de trije silen yn de wâlddyk waarden oerstallich. Yn stee fan sa'n 24 kilometer seedyk oan de noard- en súdkant fan it djip wie no sa'n 2 kilometer seedyk oerbleaun. By de nije sylen is it buorskip Dokkumer Nije Silen ûntstien.

Nei de ôfsluting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 19e iuw binne tal fan bochten yn it djip rjochtlutsen. Dêrtroch is der in rige fan fjouwer eilannen ûntstien, mei it nije kanaal fan it Dokkumer Djip oan de noardkant, en in meänder fan it Alddjip oan de súdkant. It grutste fan de fjouwer is it eastlikste eilân, tsjin Ingwierrum oer. Op dit eilân lizze in pear pleatsen en steane wat hûzen. It eilân is allinnich te berikken fia de brêge by Ingwierrum.

Sûnt de Lauwerssee op 23 maaie 1969 ôfsletten is, is ek yn de ôfslútdyk fan it Dokkumer Djip, neist de âldere silen in nije slús oanlein. It Dokkumer Djip set him no lykwols ek foarby de Dokkumer Nije Silen fuort. Om de Ingwierrumer Polder hinne, draait it Djip nei it noarden, rint tusken dy polder en de Djipster Bosk troch, en komt nei in pear kilometers út yn de Lauwersmar.