Bosra

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bosra
بصرى‎
Stiadel fan Bosra
Stiadel fan Bosra
Sifers
Ynwennertal 30.390 (2012)
Hichte 850 m
Polityk
Lân Syrje
Provinsje Dar'a
Distrikt Dar'a
Oar
Tiidsône (UTC+2)
Webside Offisjele webside fan Bosra
De ruïnestêd Bosra wurdt noch bewenne
Ald Romeinsk amfiteater

Bosra (بصرى, as Bostra, Busrana, Bozrah, Bozra, Busra ash-Sham en Nova Trajana Bostra) is in histoaryske stêd yn it suden fan Syrje. It âlde Bosra is no ruïne, mar dochs wenje der noch goed 30.000 minsken. De stêd kaam yn 1980 op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De delsetting waard foar it earst neamd yn dokuminten fan farao Tûtmoses III en Akhenaton (14e ieu f. Kr.).

Fan de 4e ieu foar Kr. lei Bosra yn it Nabateenske keninkryk en waard yn de 2e ieu tydlik haadstêd fan it ryk.

It Nabateenske ryk waard 106 troch de Romeinen, ûnder generaal Cornelius Palma ferôvere. Under de Romeinen hjitte de stêd Nova Trajana Bostra en waard - fan 160 ôf - de haadstêd fan de Romeinske provinsje Arabia Petraea. De stêd wie in bloeiend hannelsplak meidat se op it krúspunt fan mear as ien karavaanrûtes lei; ien dêrfan rûn nei de Reade See.

Yn it Byzantynske tiidrek wie de stêd de sit fan in aartsbisdom. De katedraal fan Bosra waard yn de 6e ieu boud; it wie de earste tsjerke mei in rjochthoekich grûnplan en dêr boppeop in grutte rûne koepel.

Neffens de oerlevering spile de Bahira-leginde him ôf yn Bosra. De jonge profeet Mohammed soe - hy reizge mei syn omke Aboe Talib - in kristelike muonts, mei de namme Bahira, moete hawwe. Dy foarsei him dat er in grutte takomst temjitte gean soe.

Bosra wie ek de earste Syryske stêd dy't fan de Arabieren ûnder Aboe Bakr yn 632 ferôvere waard. De stêd bleau in hannelssintrum fan belang fanwege de lizzing oan de hannels- en pylgersrûte tusken Damaskus en Mekka.

De Ayyubiden makken fan it Romeinske teater in festing om harren te beskermjen tsjin de krúsfarders.

Nei de 14e ieu waard de stêd fan minder belang omdat de pylgersrûtes fierder nei it westen kamen te lizzen. Fan de 18e-19e ieu ôf oan waard Bosra fan druzen bewenne.

Bosra hat Nabateenske en Romeinske oerbliuwsels, mat ek de âldste kristlike en moslimgebouwen fan Syrje. Swart basalt, wat pleatslik fûn wurdt, is it meast brûkte boumateriaal.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

  • Ferneamd is it Romeinske teater. Opfallend is de om it teater - fan de Ajjoebiden - boude festing.
  • De Romeinske stêd hat in rjochthoekich stritplan mei cardo maximus en decumanus. Der binne ferskate stedspoarten. De Nabateeënpoarte út de 1e ieu is goed bewarre bleaun.
  • De katedraal fan Bosra út 512 is in sintraalbou en ien fan de earste tsjerken mei in rûne koepel boppe in fjouwerkante ûnderbou. In part fan de muorren mei healbôgefinsters stiet noch oerein. Justinianus brûkte de tsjerke as foarbyld foar de bou fan de Aya Sofia yn Konstantinopel en de Basilyk fan San Vitale yn Ravenna. Ek de Rotskoepel yn Jeruzalem waard neffens dit foarbyld boud.
  • De basilyk út de 3e-4e ieu, de 'tsjerke fan Bahira', is ferneamd nei de muonts dy't de profeet Mohammed in grutte takomst foarsei.
  • De âlde stêd hat ferskate moskeeën, lykas de Omarmoskee (in Omajjadenmoskee út 720), dy't noch altyd brûkt wurdt. De moskee hat grutte histoaryske wearde meidat boud is neffens it hûs fan de profeet Mohammed yn Medina. Ien fan de arkades is djipper as de oaren en tsjinnet as bidseal mei mihrab en minbar. De minaret is fjouwerkant en swier boud.
  • Tichteby de moskee is in baaikompleks út de tiid fan de Mamelukken (lette 14e ieu).

Ferneamde lju fan Bosra[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]