Berjocht:Wisten jo dat/juny 2008
Ut Wikipedy
- ... de bibel foar it earst oersetten is nei it Frysk troch dûmny Wumkes, mei it útbringen fan it Nije Testamint yn 1933 en it Alde Testamint tsien jier letter?
- ... yn de Stellingwerven, it súdeastlikste part fan de provinsje Fryslân, súdlik fan de Tsjonger, oan de kanten fan de Linde gjin Frysk praat wurdt, mar in eigen Nedersaksysk dialekt praat, it Stellingwerfsk?
- ... de Aldehou likernôch 40 meter heech is, dat er 183 treden hat en 1,68 meter yn noardwestlike rjochting út it lead hinget?
- ... Fierljeppen net allinnich dien wurdt yn Fryslân, mar ek in Utert en Grinslân en dat it rekord yn hannen is fan Bart Helmholt dy't op 22 augustus 2007 20,76 meter meter wist te springen?

