Aldehou (toer)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Aldehou yn Ljouwert

De Aldehou is in toer sûnder tsjerke yn Ljouwert.

Skiednis fan de tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

Op it Aldehouster Tsjerkhôf yn Ljouwert, dêr't no de Aldehou stiet, stie sa likernôch om alvehûndert hinne in tufstiennen - dowestiennen hiet dat doe - tsjerke, dy't yn 'e 13e ieu opfolge wurde soe troch it gruttere, út reade âlde friezen opboude tsjerke. Men kaam lykwols net fierder as it yngraven fan it fûnemint.

Earst doe't yn 1435 de doarpkes Aldehou (doarp), Nijehou & Hoek by mekoar rekken en sa de stêd Ljouwert ûntstie, kaam der al moai fluch ferlet fan in mânsker godshûs. Sa kaam der in trijebeukige, oan Sint Vitus wijde basilyk ta stân, dy't brûkt is oant 1580, doe't er by de reformaasje yn't ûnnut steld waard. De muorren dêrfan hawwe it lykwols noch oant 1706 ta útholden.

Skiednis fan de toer[bewurkje seksje | edit source]

Bou-opdracht[bewurkje seksje | edit source]

De Ljouwerters woene lykwols mear: se woene krekt sa'n hege toer bij harren nije tsjerke, as dy't de Grinzers yn 'e jierren 1469-1482 krigen hiene. Der waard sadwaande in aksje op tou set en út hiele Fryslân reinde it jild.

En sa waard it dan in feit, dat it stedsbestjoer fan Ljouwert en de tsjerkfâden fan Aldehou oan boumaster Jacob van Aaken, it bouen fan in nije toer en tsjerke te Aldehou gunden. De deihier fan dizze boumaster wie acht stuorren, frij wenjen en foar it seis jier duorjen fan de bou "een eerlijk nieuwe kleed" it jier.

Bou fan de toer[bewurkje seksje | edit source]

Boumaster Van Aaken hie sin oan 't kerwei en sette útein mei it fûndearjen. Boumaster Van Aaken wie fan heit op soan in hurde ûndergrûn wend en it bouwen op de Fryske klaai wie foar him sûnder mis in besykjen, in eksperimint. Hy liet in grutte djippe kûle grave, dêr't er oan 't op in djipte fan 1,15 meter bar om bar hurde kalk en taaie klaailagen yn smiet. Doe koe in begjin makke wurde mei it bouen fan 'e toer. Om elts risiko út 'e wei te gean krige de Aldehou in brede foet, fersterke fan acht frij fier útboude steunbearen. Eins soene op dizze útsteksels bylden van hilligen en ingels set wurde, mar dat is der nea fan kommen.

Al dizze maatregels hawwe lykwols neat úthelle, want de toer begûn al nei it noardwesten te fersakjen doe't er noch mar tsien meter heech wie. Neffens minsken dy't it witte kinnen is de treptoer mei 127 sânstienen trêden, dy't tsjin de noardwestlike steunbear boud is, tegearre mei it gewicht de reden fan it fersakjen, wêrtroch de Aldehou sa'n 1 meter 68 út it lead stiet.

Jacob van Aaken hat it foltôgjen fan de bouwurken net belibje mocht, want trije jier nei it begjin fan it wurk is er ferstoarn.

De nije boumaster waard Cornelis Frederiks. Hy hat der mar ien jier oan arbeidzje mocht, doe waard it bouwurk stillein en bleauwen de Ljouwerters sitten mei de net ôfboude toer mei it útsûnderlik skaaimerk dat dy toer út it lead stie. Dit lêste is net hielendal wier, want it fersakjen waard opheind, troch geregeldwei op 'e nij op 't sjitlead fierder te mitseljen, en sadwaande waard de toer net allinne skean, mar ek krom.

De bou waard stillein om't de Lege Lannen ûnder ynfloed fan de lear fan Maarten Luther kamen. De Aldehou wie de tsjerketoer fan de Roomsk Katolike Sint Vitustsjerke, dat men krige foar de bou gjin jild mear.

Restauraasjes[bewurkje seksje | edit source]

De toer bleau in wouterke, want eltse ieu op 'e nij moasten der ûnderskate kearen kostbere restauraasjes útfierd wurde.

De lêste restauraasje oant no ta, begûn op 4 juny 1997, en op 23 jannewaris 1998 is de toer offisjeel yn gebrûk nommen as skaaimerk fan de stêd Ljouwert en as útsjochtoer.

De restauraasje hat gâns jild, muoite, ymprovisaasje en ymprovisaasjetalint ferge, mar it hat wol fertuten dien. It Ljouwerter monumint stiet der wer kant bij.

De klokken fan de Aldehou[bewurkje seksje | edit source]

De Grutte Klok yn 'e Aldehou[bewurkje seksje | edit source]

Getten te Ljouwert yn 1633 yn 'e klokkejitterij fan Hans Falck fan Neurenberch, húsmanjend yn 'e eardere tsjerke van Nijehou (gewicht 4500 kg)

De Lytse Klok yn 'e Aldehou[bewurkje seksje | edit source]

Getten yn 1637 yn 'e selde jitterij. de eardere tsjerke fan Nijehou, dy't doe yn eigendom wie fan 'e opfolger fan Hans Falck: Jacob Noteman (gewicht 2000 kg)

Technyske feiten[bewurkje seksje | edit source]

De Aldehou is likernôch 40 meter heech. Hy hat 183 treden mei in ôfstan fan 22 sintimeter; dat wurdt dan 183 x 22 sintimeter = 40,26 meter. De Aldehou hinget 1,68 meter yn noardwestlike rjochting út it lead. Dit is likernôch 2 graden. De draachmuorren, de noard- en súdmuorre, binne sa'n 2,36 meter tsjûk. De east- en de westmuorre, dy't fanwege ekstra stipe yn 1599 tichtmitsele binne, mjitte 60 sintimeter. De toer soe eins sa'n 120 meter heech wurde. It foarbyld wie de Us Leave Frouwetsjerke te Freiburg yn Breisgau yn it Swarte Wâld.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]