Bas Jan Ader

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Ofbyld:Bas Jan Ader.tif
Bas Jan Ader yn de jierren sechtich, foto fan Tjark Tijdens

Bas Jan Ader, berne as Bastiaan Johan Christiaan Ader (Wynskoat, 19 april 1942 - Atlantyske Oseaan, 1975) wie in Nederlânsk konseptueel keunstner.

Keunstoplieding[bewurkje seksje | edit source]

Ader folge mei ûnder oaren Wim T. Schippers en Ger van Elk in oplieding oan it Instituut voor Kunstnijverheidsonderwijs (de hjoeddeiske Rietveldakademy) yn Amsterdam. Nei in stikmannich aventuerlike (see)reizen kaam er mei Ger van Elk op in keunstopliedingsynstitút yn Los Angeles telâne. Yn de sechtigerjierren studearre er keunst en filosofy yn Kalifornje.

Dokumintaasje en produksje[bewurkje seksje | edit source]

Ader syn oeuvre is lyts, syn karriêre duorre mar koart.
In kar:

  • Fall 1, Los Angeles 1970 (koarte film)
  • Fall 2, Amsterdam 1970 (koarte film)
  • All in my clothes 1970 (fotosearje)
  • Farewell to faraway friends 1971 (foto)
  • Untitled (Flower work) 1974 (fotokollaazje)
  • In search of the miraculous (songs for north Atlantic) 1975 (performance)

Wurk yn iepenbiere kolleksjes (karút)[bewurkje seksje | edit source]

Eksposysjes en publikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

  • Parys : Bas Jan Ader. Installations, photographies 24 maaie 2003 - 28 juny 2003 yn Galerie Crousel Chantal
  • '"Please don't leave me"' 26 augustus 2006 – 5 novimber 2006
  • Augustus oant novimber 2006 Boijmans van Beuningen museum yn Rotterdam: weromsjen op it wurk en libben fan Ader mei film- en byldmateriaal en in lytse samling memorabilia fan de studint, freon en ûndersiker Ader. Der ferskynde in fan it museum gearstalde katalogus fan syn wurk, ek mei de titel: Please don't leave me.
  • In Search Of... 2012 - tentoanstellingsrige as oade oan it wurk fan Ader fan jonge keunstners, op histoarysk relatearre plakken.[2]

Bibliografy (in kar)[bewurkje seksje | edit source]

  • Kuyvenhoven, F. (2010) Index Nederlandse beeldende kunstenaars, kunstnijveraars en fotografen. ISBN 9789072905550

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Objekten yn It Museum Boijmans Van Beuningen
  2. Dagblad van het Noorden - Eerbetoon aan valkunstenaar