Springe nei ynhâld

Bad Bentheim

Ut Wikipedy
Bad Bentheim
Greefskip Bentheim yn Nedersaksen
Greefskip Bentheim yn Nedersaksen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Distrikt Greefskip Bentheim
Boargemaster Dr. Volker Pannen (SPD)
Sifers
Ynwennertal 15.486 (2018)
Oerflak 100,16 km²
Befolkingsticht. 150 / km²
Hichte 49 m
Oar
Stifting foar 1050
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten
Offisjele webside
www.bad-bentheim.de
Wapen fan Bad Bentheim

Bad Bentheim, foar 1979 Bentheim (Nederlânsk, âlderwetsk: Bentem, Benthem), is in Dútske stêd yn it distrikt (Landkreis) Greefskip Bentheim yn de dielsteat Nedersaksen. It plak leit tichteby de grins mei Nederlân, op de hichte fan Oldenzaal. Bad Bentheim is ferneamd troch it Kastiel Bentheim (Burg Bentheim) en de stiensoarte Bentheimer sânstien.

Bad Bentheim is de eardere haadstêd fan it histoaryske Greefskip Bentheim en hat in lange skiednis. It plak wurdt foar it earst neamd yn 1050 as Binithem. Yn 1945 bepaalde it Britsk bestjoer dat de haadstêd tenei it mear yndustialisearre en sintraler lizzend Nordhorn wurde moast.

Wichtich skaaimerk fan de stêd is Kastiel Bentheim, dat yn 1116 foar it earst neamd wurdt. De Greven fan Bentheim lieten it bouwe.

Yn 1650 reizge keunstskilder Japik fan Ruisdael tegearre mei syn freon Nikolaas Berchem nei Bentheim. Hy makke 15 skilderijen mei Kastiel Bentheim. Ek Berchem makke in stikmannich.

Om 1711 hinne waarden dêr misinale swevelboarnen ûntdutsen; dêrfandinne waard it plak in erkend heilbad en waard it wurd "Bad" oan de namme taheakke. Yn 1865 krige Bentheim stedsrjochten.

Mei Bentheimer Gold waard Bentheimer sânstien oantsjut. De hannel dêryn krige (fan de 15e oant en mei de 18e iuw) syn beslach nei benammen Münsterlân, East-Fryslân en oer de Oeriselske Fecht nei Nederlân. De sokkel fan it Frijheidsbyld yn New York is makke fan Bentheimer sânstien; it Paleis op de Daam yn Amsterdam is ek fan dy stien boud.

Ferneamde ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nedersaksen Flagge fan Nedersaksen
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte

Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

· · Berjocht bewurkje