Annalen fan Ulster

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Annalen fan Ulster (Iersk-Gaelisch: Annála Uladh) binne annalen oer it midsieuske Ierlân. De ferslaggen omfiemje de jierren tusken 431 en 1540. De ferslaggen oant 1489 waarden gearstald yn de lette 15e ieu troch de skriuwer Ruaidhrí Ó Luinín, ûnder syn patroan Cathal Óg Mac Maghnusa op it eilân Belle Isle yn Upper Lough Erne yn de provinsje Ulster. Lettere ferslaggen (oant 1540) binne troch oaren taheakke.

Eardere annalen út de 6e ieu wienen de boarne foar de betide ferslaggen; de lettere ferslaggen waarden basearre op mûnling oerdroegen skiednis.

De annalen binne skreaun yn it Iersk-Gaelysk, mar guon ferslaggen ek yn it Latyn. Omdat de annalen wurd foar wurd út de boarnen wei oerskreaun binne, binne sy net allinne nijsgjirrich foar skiedkundigen, mar ek foar taalkundigen dy't de ûntjouwingen fan it Iersk bestudearje.

De bibleteek fan it Trinity College yn Dublin, besit it oarspronklike manuskript. De Bodleian Library yn Oxford hat in eigentiidske kopy, dêr't in tal gatten út it orizjineel yn opfold binne.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

De lemma's fan de Annalen fan Ulster folgje trije linen: dy fan keninkriken, keningen en plakken.

Keninkriken[bewurkje seksje | edit source]

De twa grutste keninkriken fan Ulster dy't neamd wurde binne dy fan de noardlike Ui Neill-klen en de Ui Neill-clan yn it suden. It Keninkryk fan Brega wurdt ek neamd yn de Annalen en is fan de keninkriken dy't om bar de heechste hearskippij hawwe mei in sit op de Tara. Laigin, fierder yn it suden, wurdt neamd as in ryk dat faak oanfallen waard.

Keningen[bewurkje seksje | edit source]

Der komme ferskate keningen yn de Annalen fan Ulster foar. Meast wurde de libbens fan de keningen folge, mei wichtige fjildslaggen, oanfallen en harren dea. Ut de jierren 847 oant 879 wurde trije keningen apart beljochte.

Plakken[bewurkje seksje | edit source]

Neist keningen en keninkriken hawwe de annalen omtinken foar wichtige plakken yn Ierlân, sa as Armagh, it tsjerklike haadplak fan Ierlân, dat ferskate kearen yn de tekst foarkomt. Dublin bygelyks, dat foarkomt as Áth Cliath of Duiblinn, wurdt yn de annalen beskreaun fan de fêstiging fan de Wytsingen dêre (The heathens still at Duiblinn en An encampment of the foreigners of Áth Cliath at Cluain Andobuir) oant de dea fan notabele persoanen (Carlus son of Conn son of Donnchad was killed in Áth Cliath lemma 960.2) oant it regear fan Dublin troch de Ieren The foreigners returned to Áth Cliath and gave hostages to Bria lemma 1000.4).[1]

Histoaryske kontekst fan de Annalen fan Ulster[bewurkje seksje | edit source]

De Wytsingen yn Ierlân

De Annalen fan Ulster jouwe in soad ynformaasje oer de ynvaazjes fan de Wytsingen yn Ierlân en wat dêr út soarte barde; foarfallen dy't ek neamd waarden yn oare histoaryske Ierske wurken sa as de Cogadh Gaedhel re Gallaibh. De Annalen fan Ulster ferslagge de Wytsinge-ynvaazjes fan ien jier nei de oanfal op Lindisfarne yn 793 ôf, dy't yn it generaal as it begjin fan de Wytsingetiid beskôge wurdt en teffens behannele wurdt yn de Angelsaksyske Kronyk.

Hoewol't de Wytsingen yn de annalen as heidenen delset wurde, hawwe de annalen ek omtinken foar it skeel tusken de Ieren ûnder elkoar en faak wurdt beskreaun hoe't de frjemdlingen bûnsgenoaten binne fan ferskate Ierske partijen. It byld dat fan de fjochterijen sketst wurdt is net iensidich. Guon Ieren wurde beskuldige fan deselde soarte militêre praktiken as de Wytsingen.

De Annalen fan Ulster ferhelje fan ferskate fjildslaggen fan de Wytsingen, mei de dêrby belutsen persoanen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.ucc.ie/celt/published/T100001A/
  • (in) Robert Welsh, Oxford Concise Companion to Irish Literature, 1996. ISBN 0-19-280080-9
  • (in) Charles-Edwards, T.M., The Chronicle of Ireland. Liverpool University Press, 2006, ISBN 0-85323-959-2