Annalen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Annalen is in koarte wize fan skiednis skriuwerij, dêr't de foarfallen sumier op gronologyske folchoarder jier foar jier yn beskreaun wurde. It wurd is ôflaat fan it Latynske annus (ien jier), lykas brûkt yn de betsjutting libri annales (jierboeken).

By de Romeinen wie it destiids wenst om wichtige foarfallen fêst te lizzen yn jierboeken. En ek yn de midsieuwen (troch kleasterlingen) waarden der beskriuwingen makke fan wat der alle jierren foarfallen wie. Dizze fermeldingen gongen faak oer oarloggen en rampen. Letter waarden út dizze annalen wer kroniken fêststeld.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]