793
Ut Wikipedy
Ieuwen: 3e -- 4e -- 5e -- 6e -- 7e -- 8e ieu -- 9e -- 10e -- 11e -- 12e -- 13e
Jierren: 788 - 789 - 790 - 791 - 792 - 793 - 794 - 795 - 796 - 797 - 798
[bewurkje seksje] Foarfallen
- In de East-Fryske gebieten komme de Friezen ûnder lieding fan Unno en Eilrad yn opstân tsjin it Frankyske ryk. Der wurde in protte tsjerken yn brân stutsen en preesters op'e flecht jage.
- Wytsingen plonderje it kleaster fan Lindisfarne, oan de eastkust fan Ingelân.
- Mei it each op de Avaarske oarloch besiket Karel de Grutte Ryn en Donau te ferbinen mei de Fossa Karolina, wat lykwols troch geologyske omstannichheden mislearret.
- Willem mei de Hoarn, paladyn fan Karel de Grutte, soe de stêd Orange ferovere hawwe op de Sarasenen (sjoch ek: Oranje (lân)).
- De Saksen komme yn opstân tsjin de Frankyske ûnderdrukking. De missjonarissen dogge mear oan belestingheffen as oan it fersprieden fan it leauwe.
- Karel is troch de Saksyske opstân twongen de oarloch mei de Avaren oan syn soan Pippyn fan Itaalje oer te litten.
[bewurkje seksje] Berne
[bewurkje seksje] Ferstoarn
Ieuwen: 3e -- 4e -- 5e -- 6e -- 7e -- 8e ieu -- 9e -- 10e -- 11e -- 12e -- 13e
Jierren: 788 - 789 - 790 - 791 - 792 - 793 - 794 - 795 - 796 - 797 - 798