Aleksander Pûsjkin

Ut Wikipedy
Aleksander Pûsjkin troch Orest Kiprensky

Aleksander Pûsjkin, folút Aleksander Sergejevitsj Pûsjkin (Russysk: Александр Сергеевич Пушкин; 6 juny 1799, Moskou10 febrewaris 1837, Sint-Petersburch, of 26 maaie 179929 jannewaris 1837 neffens de Juliaanske kalinder) wie in Russysk dichter.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pûsjkin wurdt algemien beskôge as de grutste Russyske dichter, en ek as ìèn fan de grutste dichters út de wrâldliteratuer. Mei oare grutte Russyske skriuwers, as Michail Lermontov, Nikolaj Gogol, Ivan Toergenjev, Fjodor Tjoettsjev, Fjodor Dostojevski, Lev Tolstoj en Anton Tsjechov heart Pûsjkin ta de saneamde 'gouden iuw' fan de Russyske literatuer.

Hy wurdt noch hieltyd in protte lêzen. Fan jongs ôf krije bern syn poëzij yn Russyske mearkes en letter lêze sy him om syn floeiende, skitterjende, muzikale taal. Oersetters hawwe it dreech om dat goed oer te bringen.

Neist wiidweidige lyryk mei in soad leafdes- en oare gedichten, lykas 'Ik haw' dy leaf', 'Nacht', 'Winterjûn' en 'Hjerst', hat Pûsjkin ek proaza neilitten lykas 'Skoppenfrou', 'De skiednis fan Poegatsjov' en 'De kapteinsdochter'.

Neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rûbel mei Pûsjkin's byltenis.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Dr. E Waegemans - Russyske letterkunde. Oersjoch fan de wichtichste skriuwers en streamingen fan Pûsjkin oant Soltsjenitsjin, 1988.
  • Karel van het Reve - Geschiedenis van de Russische literatuur, fan Vladimir de Hillige oant Anton Tsjechov, 1985.