Merkurius (planeet)
Merkurius stiet fan alle planeten yn ús sinnestelsel it tichstby de sinne. Sûnt Pluto syn status as planeet ferlern hat is Merkurius de lytste planeet fan ús sinnestelsel. De planeet is nei de Romeinske God Merkurius neamd om't er sa fluch om de sinne draait. Lykas de ierde is Merkurius in terrestryske planeet mei in fêst oerflak dat in protte mien hat mei ús moanne. Merkurius hat in frij sterk magnetysk fjild. De planeet hat gjin moanne.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Ofstannen
De ôfstân tusken Merkurius en de sinne leit ôfhinklik fan syn baan om de sinne tusken 46 en 70 miljoen kilometer, dêr't er yn 88 dagen omhinne draait. De diameter fan de planeet is 4.880 km en draait yn 58 dagen, 15 oeren en 30 minuten om syn as.
[bewurkje seksje] Temperatuer
De maksimum temperatuer oerdeis kin oprinne nei sa likernôch +430 °C, nachts nei sa likernôch −170 °C. Merkurius hat dêrtroch it grutste temperatuerferskil fan alle planeten yn ús sinnestelsel. It temperatuerferskil komt troch de stadige aswinteling (58 dagen) yn kombinaasje mei syn baan om de sinne (88 dagen); dêrtroch duorret ien dei op Merkurius 176 ierdske dagen.
[bewurkje seksje] Gearstalling
Merkurius hat in tinne atmosfear; soerstofgas, natrium en wetterstofgas dy't fuortkomme kinne fan de planeet en weiwurde yn de romte. De planeet hat in grutte massive izeren kearn.
Oan no ta hawwe de romtesonden Mariner 10 en MESSENGER bylden fan it oerflak makke. Beide romtesonden hawwe 95 persint fan it oerflak yn byld brocht.[1] Op dy bylden is gjin bewyske fan plaattektonyk te sjen, der binne lykwols ferskate tekens fan fulkanisme.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Merkurius fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|