Fjodor Tjoettsjev

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fjodor Toettsjev skildere troch Stepan Alexandrovsky

Fjodor Ivanovitsj Tjoettsjev (Russysk: Фёдор Иванович Тютчев) (23 novimber/5 desimber 1803), Ovstoeg yn oblast Orjol15 july/27 july 1873 yn Sint-Petersburch) wie in Russysk diplomaat en dichter en wurdt mei Aleksander Poesjkin en Michail Lermontov sjoen as de lêste fan de trije grutte Russyske dichters fan de 19e ieu.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Tjoettsjev studearre yn Moskou, krige yn 1822 in oanstelling by it ministearje fan útlânske saken yn Sint-Petersburch en wurke neitiid in lang skoft by de Russyske ambassade yn München. Yn München rekke er fereale op de grevinne Amalie Lerchenfeld, mar dat waard neat en hy rekke hast belutsen by in duel mei syn kollega en konkurrint, Baron Aleksander fan Krüdener (op 19 jannewaris, 1825). Letter doe't se beide troud wiene waarden se goede freonen.

Yn 1826 troude er Eleonore Peterson (grevinne Bodmer), mar yn 1833 foel syn each op Ernestine Dornberg (baronesse Pfeffel). Eleonore besocht doe harsels te koart te dwaan. Guon miene dat er om reden fan troubrek, mei alle opskuor anneks, oerpleatst is nei de ambassade yn Turyn yn 1838. Turyn befoel him net dat hy naam ferlof, mar sûnder tastimming fan syn sjef dat hy krige dien. Yn 1844 gie Tjoettsjev werom nei Sint-Petersburch.

Yn 1846 moete er Elena Denisjeva, de gûvernante fan syn dochters en tweintich jier jonger as him, en begûn in ferhâlding mei har. Se krigen trije bern. Elena stoar oan tuberkuloaze yn 1864. Harren relaasje hat leafdespoëzij opsmiten dy't ta it bêste yn it Russysk rekkene wurdt. It gedicht De lêste leafde, wurdt faak sjoen as Tjoettsjev's masterwurk.

Nei de dea, begjin 70er jierren, fan syn broer, syn dochter en syn soan, rekke Tjoettsjev foar in part ferlamme. Hy stoar yn Tsarskoje Selo yn 1873 en waard begroeven op it hôf fan it Novodevitsji Kleaster yn St Petersburch.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Syn gedichten ûnderskiede harren troch djippe tinzen, waarm gefoel en in hast folmakke foarm. Tjoettsjev makke ek oersettings fan fral Dútske dichters, dêr't Heinrich Heine, Johann Wolfgang von Goethe en Friedrich Schiller ûnder wiene. Dat beslacht in fyfde part fan yn totaal 300 fan syn gedichten yn it Russysk. Dochs wie er as dichter by syn libben net sa bekend. Tjoettsjev beskôge syn skriuwerij as leafhawwerij, net geskikt om út te jaan. Faak skreaun er se net iens op, men moast him oantrune om er wurk fan te meitsjen. Yn it deistich libben spriek er allinnich Frânsk sa as de measten fan de Russyske upper class.

Earst yn 1854 is de earste samling ferzen printe, taret troch Toergenjev en sûnder dat Tjoettsjev him er mei bemuoide. Bekend waard er ek troch in aforisme út 1866 dat de Russyske folksaard goed beskriuwt: 'Ruslân krije jo gjin ferstân fan, hja giet boppe de gewoane noarm út: hja hat har eigen mjitstêf. Ruslân kin men allinnich yn leauwe'.

Hy skreau gedichten as "Весéнняя грозá" (vesennjaja groza; Maitiidsstoarm), "Silentium", "Бессóнница" (vessonnitsa; Sliepeleazens), "Мальáриа" (malaria; Malaria) en "Мóре и утëс" (More i oetjos; De see en de rots).

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Фёдор Иванович Тютчев en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.