Alberto Santos-Dumont

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Alberto Santos-Dumont
Alberto Santos-Dumont mei de Demoiselle
Santos-Dumont #6 makket in rûntsje om de Eiffeltoer

Alberto Santos-Dumont (20 july 187323 july 1932) wie in Frânsk-Brazyljaansk loftfeartpionier, erfgenamd fan in begoedige famylje fan kofjeplanters. Hy wie de earste yn Jeropa dy't yn in tastel swierder as lucht fleach.

Loftballonnen en loftskippen[bewurkje seksje | edit source]

Santos-Dumont krige bot niget oan fleanen doe't er 1888 foar't earst in loftballon seach yn São Paulo. Om reden fan syn stúdzje ferhuze er nei Parys en yn july 1898 fleach er in syn earste loftballon, de Brazil. Omdat loftballonnen net bestjoerd wurde koenen, sette er útein mei de bou fan in loftskip. Dat mislearre in pear kear, mar letter slagge it him en meitsje in flecht fan tritich minuten. Mei N° 6 fleach er op 19 oktober 1901 om de Eiffeltoer.

Fleanmasines[bewurkje seksje | edit source]

Doe't er hearde dat de bruorren Wright in flecht makke hiene mei in tastel swierder as loft, waard dat syn nije fassinaasje. Op 23 oktober 1906 makke er yn it Bagatelle Park yn Neuilly de earste flecht, der't in mannichte minsken op ôf kaam wie. Op 12 novimber 1906 bruts er it wrâldrekord mei in flecht fan 220 meter. Dêrnei ûntwurp er in fleantúch dat sa licht en lyts wie dat it mei de auto ferfierd wurde koe, de Demoiselle.

De ein[bewurkje seksje | edit source]

Yn dy snuorje waard de sykte multiple sklerose by him fêststeld. Hy luts him tebek en ferfear nei syn heitelân Brazylje, dêr't er himsels op 23 july 1932 te koart die. It wêrom is net dúdlik.

Yn Brazylje is er in held, de 'heit fan de fleanderij'. De stêd Santos Dumont, de lofthaven Santos-Dumont yn Rio de Janeiro en in snelwei binne nei him ferneamd.

Syn hûs yn it simmerferbliuw fan de keizers fan Brazylje, Petrópolis, is no in lyts museum.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]