Albert Hahn

Ut Wikipedy
Albert Hahn, selsportret
Selsportret 1915

Albert Pieter Hahn (Grins, 17 maart 1877Watergraafsmeer, 3 augustus 1918) wie in Nederlânsk polityk tekener en boekbânûntwerper.

Albert Hahn wie in besiele sosjalist en antymilitarist. Dy kombinaasje makke him ta in polityk tekener oer wa't in bulte Nederlanners wol in miening hie. Bestjoerders ergeren harren bot oan syn printen, mar foar arbeiders en lêzers fan de sosjalistyske krante Het Volk wie er de man. Hy fjochte tsjin ûnrjocht en ûnderdrukking mei de politike print as wapen. Albert Hahn hat yn syn relatyf koarte libben in soar fan dy politike tekeningen makke. In tal dêrfan binne noch geregeldwei te finen yn skiednisboeken, lykas dy oer de spoarstakingen fan 1903 en dy fan Abraham Kuyper.

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albert Hahn wie de âldste fan twa bruorren en twa susters. Heit Gerardus Henderikus Hahn wie glêsskilder, listemakker en dekorateur fan úthingboerden. De húshâlding hie jildkrapte. Albert krige mei njoggen jier tuberkuloaze, sadwaande koe er de legere skoalle net dien meitsje.

Hahn syn heit moast neat hawwe fan boargerlikens en fan tsjerke. Mem, Johanna Christina Rentjes, wie dopersk. Syn bruorren Gerard en Piet, giene ek by de arbeidersbeweging. Syn susters Aleida en Margot waarden ek lid fan de Doperske Gemeente toegetreden.

Mei tolve jier gie Albert by syn heit yn de lear en in pear jier letter waard er talitten op de Akademy Minerva yn Grins. Cornelis Jetses studearre dêr ek yn dy snuorje. Om reden fan sykte moast er dy oplieding ûnderbrekke oant er mei santjin jier werom kaam op de akademy. Yn febrewaris 1898 wie der in útstalling fan it wurk fan Vincent van Gogh yn Grins. Yn De Socialistische Gids skreau er letter hoe't him yn 'e besnijing hân hie. Dat Hahn talint hie die bliken doe't er yn 1895 en 1896 ûnderskieden waard mei trije sulveren medaljes foar hân- en neakentekenjen en dekoraasje. Ein 1896 gie Albert Hahn fierder mei syn oplieding oan de Ryksskoalle foar Keunstnijverheid Amsterdam. Fan 1898 oant 1901 folge er ek jûnslessen oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten by prof. August Allebé.

Sosjalist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albert Hahn waard om 1900 lid van de SDAP en fielde in sterk ferlet om it foar de arbeider op te nimmen. Wilens wie er learaar dekoratyf tekenjen oan in ambachtsskoalle. Hahn die mei oan in ûndersyk nei wenningsitewaasje yn Amsterdam, wêroer't yn 1901 in rapport ferskynde yn de foarm fan in boekje fan sa'n 100 siden mei de titel Krotten en Sloppen, mei tekeningen fan Hahn. It wiene noch gjin politike printen, mar wol direkte werjeften fan de strieminne realiteit dy't er yn de gloppen en stegen fan Amsterdam trof.

Doe't Het Volk yn 1902 in priisfraach útskreau om in tekener te finen foar in politike print dy't alle wiken yn it Het Zondagsblad ferskine soe, wûn er en kaam er fêst yn tsjinst. Dat betsjutte in grutte feroaring yn syn libben. Hy moast him no as sjoernalist yn it deistich nijs út binnen- en bûtenlân ferdjipje. Syn nije baan betsjutte ek in politike kar dêr't syn tekeningen yn De Zondagskrant en letter yn it polityk-satirysk wykblêd De Notenkraker fan tsjûgje. De print oer de spoarstaking fan 1903 waard ien fan de bekendste yn Nederlân. Doe't de Earste Wrâldoarloch úttbriek, gongen Hahn syn tekeningen moannenlang oer dy kriich, ferneatiging en moardzjen.

Hoewol't syn tekeningen somber en sarkastysk wêze koene, wurdt Albert Hahn, hoewol in protte siik, beskreaun as in bliid en lokkich minske mei in harmonieuze húshâldingurd. Hahn wenne tegearre mei in - doe noch net - frou dy't by de man wei wie mei twa bern, boaske letter oan har en krige twa dochters. Hahn stoar yn 1918 oan tuberkuloaze en waard beïerdige yn Amsterdam. In protte fan syn wurk is bewarre bleaun. Allinne al yn it Nederlânsk Persmuseum yn Amsterdam binne mear as 2000 tekeningen fan syn hân te sjen.

Oer Albert Hahn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Rob Bongers: Albert Hahn, 1984. Animaasjefilm mei tekeningen. Digitaal restaurearre ferzje op DVD yn 2011. Senario en regy Rob Bongers nei in idee fan Dick Overduin.
  • A. Hahn Jr.: Prenten van Albert Hahn Sr. Een keuze uit zijn werk. Samengesteld door A. Hahn Jr., Utgjouwerij Becht, Amsterdam 1928
  • Marien van der Heijden: Albert Hahn, Thomas Rap, Amsterdam 1993.
  • Leonard de Vries: Het Beste van Albert Hahn, Elsevier Bibelotrige.
  • Koos van Weringh: Albert Hahn; tekenen om te ontmaskeren, Arbeiderspers, Amsterdam 1969, 1975, 1983

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]