Cornelis Jetses

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Cornelis Jetses (Grins, 23 juny 1873 - Wassenaar, 9 juny 1955) wie in Nederlânsk yllustrator. Jetses is benammen bekend wurden troch syn detaillearre yllustraasjes yn skoalboeken, skoalplaten en histoaryske printen. Hy wurke ek as boekbânûntwerper.

Hy waard berne yn in earme buert yn Grins. Al mei jonge jierren die bliken dat er tekentalint hie. Fan syn trettjinde ôf folge hy tekenlessen yn de jûnsoeren, wylst er oerdei wurke yn in stiendrukkerij.

Cornelis Jetses troude yn 1899 mei Albertina Holkamp. Harren dochter Everdina waard yn 1900 berne. Se wennen yn Bremen, Zeist, Scheveningen en Wassenaar. Albertina ferstoar yn 1939. Jetses stoar yn 1955 en waard begroeven by de doarpstsjerke yn Wassenaar.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Ot en Sien yllustraasjes
Plaat út Het volle Leven, 1905-1906. "Het wannen van het graan"

Yn 1901 tekene Jetses in meubelkatalogus dy't printe waard troch útjouwerij J. B. Wolters yn Grins. Troch direkteur E.B. ter Horst Jr. (1865-1905) fan dyútjouwerij waard er dêrnei frege om de yllustraasjes te meitsjen foar de boekjes fan Jan Ligthart en Hindericus Scheepstra. Der ferskynden fjouwer dieltsjes Dicht bij huis yn 1902 en 1903 mei ferhaaltsjes en tekeningen oer it deistige libben.

Letter ferskynden fan itselde trijetal auteurs de boekjes Nog bij moeder, wêryn't Ot en Sien de haadrol spilen (1904-1905), Pim en Mien (1907-1908), Het prentenboek van Ot en Sien (1909), Buurkinderen (1911-1912) en Blond en bruin (1912).

Ligthart, Scheepstra en Jetses waarden ek frege om in nije ferzje fan it Lêsplankje fan Hoogeveen te meitsjen. Yn 1910 ferskynde it lêsplankje wêrmei't generaasjes lêzen learden: aap-noot-mies-wim-zus-jet-teun-vuur-gijs-lam-kees-bok-weide-does-hok-duif-schapen.

Troch it ferstjerren fan Scheepstra kaam yn 1913 in ein oan harren gearwurking.

Jetses krige de opdracht om de skoalboekjes foar Nederlânsk-Ynje te yllustrearjen. Ek it Ynjysk lêsplankje waard oanpast. Dat lêsplankje bestie út: jaap-gijs-dien-zus-boe-bon-oom-waf-vuur-rook-tol-zeil-de neus-het huis-een schip.

Jetses hat yn totaal 22 skoalplaten tekene. Hjirfan hearden 18 skoalplaten ta de searje Het Volle Leven (foar it 'saakûnderwiis' fan Jan Ligthart) dy't makke is tusken 1906 en 1911. Twa platen wienen skiednisplaten: Ter Walvisvaart yn 1911 en Aan het Hof van Karel de Grote yn 1941. De oare beide wienen fertelselplaten, makke yn 1910, dy't by it lêsplankje fan Hoogeveen hearden .

Jetses yllustrearde boeken lykas Groot vertelboek het Oude en het Nieuwe Testament fan Anne de Vries en De Tsien fan Martens Afke fan Nynke van Hichtum. Hy wurke ek faak gear mei Johan Herman Isings.

Nei 1930 modernisearre Jetses de ferâldere yllustraasjes.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Niemeijer, Jan A (1976) De wereld van Cornelis Jetses. Utjouwerij De Vuurbaak, Grins ISBN 90-6015-323-5
  • Niemeijer, Jan A (1978) Cornelis Jetses, schilder-illustrator. Utjouwerij De Vuurbaak, Grins
  • Serie de Schoolplaat, met illustraties van C. Jetses (2004) Wolters-Noordhoff, Grins en Utjouwerij Libre, Ljouwert ISBN 90-75531-63-X

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]