August Allebé

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Portret (1896) fan H.M. Krabbé

August Allebé (Amsterdam, 19 april 1838 - dêre, 10 jannewaris 1927) wie in Nederlânsk keunstskilder en litograaf.

Wurkpaad[bewurkje seksje | edit source]

Allebé studearre oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Hy wie dêr heechlearaar fuort nei de oprjochting yn 1880 en fan 1890 oant 1906 direkteur. Syn oeuvre befettet portretten, stillibbens en lânskippen. Krekt as in protte oare skilders yn dy tiid wurke er in skoft op it plattelân, yn syn gefal yn Dongen, yn de jierren sechtich fan de njoggentjinde ieu. Allebé syn ier wurk wie fral romantysk, mar letter gie er oer op in mear realistyske styl. Syn wurk is fan in goede kwaliteit, mar net sa bekend. Syn namme hat mear klank fan syn funksjes oan de Ryksakademy.

Allebé hie as dosint in wichtige ynfloed op de skilders fan de saneamde Amsterdamske Skoalle. Ta syn learlingen wurde ûnder oaren Jan Voerman, Antoon Derkinderen, Jan Veth, Jan Sluijters, Jan Toorop, Richard Roland Holst, Jan Tiele en Lizzy Ansingh rekkene. Ek Mondriaan hat oan de Ryksakademy studearre doe't Allebé dêr direkteur wie. Fierders wiene der keunstners dy't nei harren ôfstudearjen les by him namen, lykas Suze Robertson en George Breitner. Ek yllustratoaren studearren by Allebé, ûnder oaren Johan Braakensiek, Cornelis Jetses en Tjeerd Bottema. Hy hie in soad kunde yn keunstfermiddens, bygelyks mei de Amsterdamse Joffers.

Der binne mear as ien srjitten en pleinen nei Allebé ferneamd.

Skilderijen[bewurkje seksje | edit source]

Wurk fan August Allebé is te sjen yn ûnder oaren it Ryksmuseum, it Steds Museum, it Amsterdam Museum en it Teylers Museum.