Alaskahazze

Ut Wikipedy
Alaskahazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorphaa)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus othus
Merriam, 1900
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Alaskahazze (wittenskiplike namme: Lepus othus) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Dêrbinnen foarmet dit bist mei de poalhazze (Lepus arcticus) út noardlik Kanada en Grienlân en de sniehazze (Lepus timidus) út noardlik Jeraazje it ûnderskaai fan 'e sniehazzen (Lepus). De Alaskahazze komt inkeld foar yn westlik en súdwestlik Alaska. Troch syn relatyf koarte earen (in oanpassing oan 'e kjeld) hat er mear it oansjen fan in knyn. De Alaskahazze is in solitêr libjend bist dat jiers mar ien smeet jongen fuortbringt. It wurdt net inkeld bejage troch rôfdieren, mar ek troch de lânseigen Eskimo-befolking fan syn wengebiet. De IUCN klassifisearret de Alaskahazze as net bedrige.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferspriedingsgebiet fan 'e Alaskahazze begjint yn it noarden oan 'e noardkust fan 'e Kotzebue Sound, súdlik fan it Brooksberchtme, dat de Noarderbedelte fan 'e rest fan Alaska skiedt. Dêrwei rint it yn súdlike rjochting yn in brede stripe by de kust fan 'e Beringsee lâns nei it suden. It omfiemet it Sewardskiereilân en de Yukon-Kuskokwimdelta, mar net de eilannen yn 'e Beringsee, lykas St. Lawrence en Nunivak. Yn it suden rint de grins fan it ferspriedingsgebiet lykop mei de kust fan 'e Bristolbaai en bûgt sadwaande ôf yn eastlike rjochting om oan 'e kust fan 'e Golf fan Alaska te einigjen. Dat betsjut dat ek it reuseftige Alaskaskiereilân ta it areaal fan 'e Alaskahazze heart, útsein allinnich de uterste westpunt.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Alaskahazze is ien fan 'e grutste hazzesoarten. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 50–70 sm, mei in sturtlingte fan likernôch 8 sm. It gewicht bedraacht 2,9–7,2 kg mei in gemiddelde fan 4,8 kg. De efterpoaten mjitte 20 sm, wat in oanpassing liket om makliker oer snie bewege te kinnen. In oare oanpassing oan syn kâlde biotoop is de koarte lingte fan 'e earen, dy't dizze hazzesoarte mear it foarkommen fan in knyn jout. De koartere earen soargje derfoar dat yn 'e winterkjeld minder lichemswaarmte fia de earen ferlern giet. By 't simmer hawwe Alaskahazzen in brune pels, mar yn it neijier ferhierje se en krije se foar it winterskoft in wite pels mei swarte puntsjes oan 'e úteinen fan 'e earen.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alaskahazzen komme it meast foar yn heger leine toendra of yn kriten mei rotsen of in protte strewelleguod, dêr't se beskûl sykje kinne foar rôfdieren.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Alaskahazze is ien fan mar twa soarten hazzen dy't yn Alaska foarkomme; de oare is de Amerikaanske hazze (Lepus americanus), dy't in algemienere fersprieding hat. Oars as besibbe soarten graaft de Alaskahazze gjin hoalen, mar makket er allinne mar legers, dy't besteane út in ûndjip dobke yn 'e snie of de begroeiïng. Alaskahazzen libje in solitêr bestean, dat inkeld yn 'e april en maaie ûnderbrutsen wurdt foar de peartiid. Ornaris bringe de moerhazzen mar ien smeet neikommelingen yn it jier fuort, dy't bestiet út 4–8 jongen. Dy komme te wrâld yn juny of july mei hier derop en de eachjes al iepen. Al rillegau nei de berte binne se aktyf en in goed moanne letter kinne se selsstannich oerlibje.

It skelet fan in Alakahazze.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alaskahazzen binne herbivoaren, dy't blêden fan in ferskaat oan planten frette, en dêropta nuten en oare fruchten, lykas beien. Se foerazjearje benammen yn 'e moarnsdage en de jûnsskimer. Simmerdeis frette se mear griene planten, wylst se by 't winter mear beamskoars en twigen lytsman meitsje.

Natuerlik fijannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Natuerlike fijannen fan 'e Alaskahazze binne û.m. de poalfoks (Vulpes lagopus), gewoane foks (Vulpes vulpes), grize wolf (Canis lupus), Kanadeeske lynks (Lynx kanadensis), iisbear (Ursus maritimus), warch (Gulo gulo), harmeling (Mustela erminea), wezeling (Mustela nivalis), snieûle (Bubo scandiacus) en ferskate soarten rôffûgels. Der besteane dokumintearre foarfallen dat Alaskahazzen harren krêftige efterpoaten brûkten om by konfrontaasjes mei rôfdieren fan har ôf te huffen. Dêrnjonken wurdt de Alaskahazze ek bejage troch de minske, benammen yn 'e foarm fan 'e lânseigen Eskimo-befolking fan syn ferspriedingsgebiet. De bisten wurde dêrby sketten of bestrûpt foar it fleis en/of de pels. De pels kin brûkt wurde as fuorring fan fuotark en winterklean.

Sykten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alaskahazzen kinne dragers wêze fan 'e tûlaremia, in bakteriële sykte dy't besmetlik is foar minsken en harren húsdieren. It kin ynfektearre wûnen, opsette lymfeklieren en koarts feroarsaakje, of ek wol symptomen dy't oanfiele as de gryp.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Alaskahazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.