14e ieu
Ut Wikipedy
14e ieu [bewurkje seksje]
Wichtige foarfallen yn de 14e ieu [bewurkje seksje]
- Fryslan
- De bestjoersfoarmen dy't har ûntwikkele yn it tiidrek fan Fryske frijheid reitsje stadich yn ferfal.
- Yn East-Fryslân nimt de macht fan de haadlingen ta.
- Yn Grinslân en Westerlauwersk Fryslân ûntstiet de partystriid tusken Skieringers en Fetkeapers.
- Jeropa
- Hûndertjierrige Oarloch (1337-1454)
- Nei alle gedachten hawwe troch de Swarte Dea tusken (1347-1351) in tredde fan alle Jeropeanen, destiids tsientallen miljoenen, it libben derby yn sketten.
- Yn Ingelân ûntstiet in folkstaal út de talen fan de Eastlike en de Sintrale Midlands mei in protte Frânske lienwurden.
- De Osmaanske Turken kringe op yn de Balkan en Traasje. De sultans Moerad I en Bajezid I feroveren efterienfolgens Bulgarije (1388–1393), Servje (1389) en Walachije (1395), besetten Thessaloniki (1387) en Tessaalje (1393) en ferslein yn 1396 in Hongaars-westerske striidmacht, dy't it Byzantynske Ryk te help kommen wie, te Nicopolis.
- Slepende striid tusken Welfen en Gibelinen yn Beieren, Saksen en Noard-Itaalje.
- Italjaanske stêdsteaten as Florâns, Feneesje en Genua wurde skatryk troch harren handel mei it Fiere Easten.