Osmanen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wapen Osmaanske dynasty

De Osmanen wienen in dynasty fan sultans dy't fanôf om-ende-by 1300 oant de ôfskaffing fan it sultanaat yn 1922 it Turkske Ryk regearre hawwe. It Turkske Ryk waard ek wol it Osmaanske Ryk neamd. Stifter en nammejouwer fan de dynasty wie Osman I. Oant en mei de 17e ieu gong de opfolging hieltyd fan soan op heit, sûnt dy tiid waard de opfoging troch it âldste lid fan it Hûs fia de syliny de regel.

De posysje fan de sultan waard sûnt de ein fan de 16e ieu hieltyd mear ôfhinklik fan it janitsarenkorps, dy't ferkate kearen in foarst te fal of te dea brocht hawwe. Fan de ferovering fan de Arabyske lannen ôf fieren de Osmanen de titels fan kalyf en beskermer fan de hillige plakken. Under it bewâld fan Süleyman I (1520-1566) berikten it Osmaanske Ryk har hichtepunt, sawol op polityk as op kultureel mêd.