Earrebarre
earrebarre | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Ciconia ciconia | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast |
De earrebarre (Ciconia ciconia) is in 100-115 sm grutte fûgel út de famylje fan de Eibertfûgels. It is in grutte wite fûgel mei swarte rânen oan de wjukken. Fierder hat er in opfallende reade snaffel en poaten.
Oare nammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Earrebarre wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: Eiber, Eibert en Prikkedief.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Earrebarren komme yn grut part fan Jeropa en Afrika foar. It is in echte trekfûgel; de fûgels dy't yn Jeropa briede oerwinterje yn Afrika. By de reis nei syn winterferbliuw mijt er de see. De fûgels berikke Afrika dan ek troch by Gibraltar fan Spanje út oer te stekken, en de eastlike fûgels geane oer Turkije.
De fûgels dy't de westlike rûte oer Spanje nimme oerwinterje yn de Sahellannen yn West-Afrika. De earrebarren dy't de eastlike rûte nimme geane hielendal troch nei Súd-Afrika.
De oarspronklike Nederlânske populaasje bestie út fûgels dy't beide trekrûtes brûkten, de tsjinwurdige populaasje brûkt allinnich de westlike rûte en oerwinteret yn West-Afrika.
Oantallen yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tal earrebarren is yn Nederlân de 20e iuw hieltyd tebekrûn oant inkelde briedpearen yn de jierren sântich. De tebekrin is nei alle gedachten oan de grutskaliger lânbou te witen, mei it brûken fan bestridingsmiddels, mar ek oan klimatologyske oarsaken sa as in hyltiten drûger wurdend oerwinteringsgebiet. Yn 1910 wiene der sa'n 500 briedpearen, yn 1970 wie dit tebekrûn nei 14.
In 1969 is yn Groot-Ammers yn Súd-Hollân troch de Fûgelbeskerming Nederlân Het Liesveld boud. Dat fokstasjon is bedoeld om in grut tal earrebarren te fokken. At de fûgels sa'n fjouwer jier âld binne wurde se oerbrocht nei in bûtenstasjon. Dêr wurde de fûgels fuorre, mar kinne se ek yn de omkriten iten sykje. De bedoeling is dat de jongere generaasjes fûgels harren wer hielendal sels rêde kinne en sa wer foar in grutte populaasje wylde earrebarren soargje. Troch dat programma wienen der yn 2004 wer sa'n 500 briedpearen; in lyts part dêrrfan is hielendal selsstannich.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Earrebarren kinne net in protte lûd meitsje. Yn de maaitiid meitsje se lykwols in protte leven mei it klepperjen fan de snaffel wêrby't se de kop en nekke hielendal oer de rêch bûge.
Lykas in protte fûgels mei lange skonken stiet ek de earrebarre in protte op ien poat. Trochdat se ien poat oplûke en tusken harren fearren weistopje ferlieze se minder waarmte.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Earrebarren ite in protte kikkerts en binne in protte in de buert fan sleatten te finen. Fierder ite se ek mûzen, jonge rotten, ynsekten en oare lytse bisten. De oarbliuwsels fan it iten wurdt yn de foarm fan in spuiballen wer útspuid.
Fuortplanting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Earrebarren briede alle jierren wer op itselde nêst. It nêst leit meast op in dak fan in hûs op spesjaal makke earrebarrenêsten. De fûgels komme alle jierren werom nei itselde nêst en meitsje it ek eltse kear wer grutter. It nêst hat meast in trochsnee fan 1,5 meter en âlde nesten kinne wol sa'n 2,5 meter heech wurde. De 3-5 aaien wurde yn sa'n 33 dagen útbret. Wylst de fûgels lyk by it earste aai begjinne te brieden is dêrtroch in leaftydsferskil by de jongen. De jongen wurde noch sa'n 8 wiken troch de âlden fuorre. De leste wiken steane se faak al op it nêst drok mei harren wjukken te slaan om dy foar it fleanen te oefenjen.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fûgelsoarte
- Eibertfûgel
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kaapverdje
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Uganda