Springe nei ynhâld

Beamiikhoarntsjes

Ut Wikipedy
Beamiikhoarntsjes
In griis iikhoarntsje.
In griis iikhoarntsje.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha)
famylje: iikhoarntsjes (Sciuridae)
ûnderfamylje: echte iikhoarntsjes (Sciurinae)
tûke: echte beamiikhoarntsjes (Sciurini)
skaai: beamiikhoarntsjes (Sciurus)
Linnaeus, 1758

De beamiikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Sciurus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e echte iikhoarntsjes (Sciurinae) en de tûke fan 'e echte beamiikhoarntsjes (Sciurini). Ta dit skaai hearre 30 soarten iikhoarntsjes, wêrûnder it gewoane of reade iikhoarntsje, dat ek yn Fryslân foarkomt.

Beamiikhoarntsjes hawwe in lange plomsturt dy't hast like lang is de rest fan it lichem, wêrfan't de lingte fariëarret fan 15-45 sm. Se komme foar yn 'e Amearika's en Jeraazje. De wittenskiplike namme fan dit skaai, Sciurus, komt fan it Grykske skia, dat "skaad" betsjut, en oura, "sturt", en kin dus oerset wurde as "skaadsturt", wat ferwiist nei it feit dat beamiikhoarntsjes har grutte plomsturt yn 'e regel omheech krôlje en sadwaande by sinneskynwaar yn it skaad fan har sturt sitte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.