Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Ynternasjonaal Filmfestival
fan Locarno
plak en tiid
lân Flag of Switzerland.svg Switserlân
kanton Flag of Canton of Tessin.svg Ticino
plak Locarno-coat of arms.svg Locarno
tiid fan it jier augustus
bysûnderheden
soarte evenemint filmfestival
bestean 1946 – no
offisjele webside
www.pardo.ch

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno (Italjaansk: Festival Internazionale del Film di Locarno) is in filmfestival dat elts jier yn augustus holden wurdt yn 'e stêd Locarno, yn it Italjaansktalige diel fan Switserlân. It evenemint bestiet sûnt 1946 en hat as wichtichste priis it Gouden Loaihoars (Italjaansk: Pardo d'Oro). It Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno omfiemet ferskate kompetative en net-kompetative seksjes. Der wurde sawol lange as koarte films en ferheljende films as dokumintêres fertoand.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno waard foar it earst holden yn 'e simmer fan 1946, doe't it úteinsette mei in fertoaning, op 23 augustus fan dat jier, fan 'e film O Sole Mio fan Giacomo Gentilomo. Der waarden dat jiers yn totaal fyftjin films draaid, wêrûnder guon fan Roberto Rossellini en Billy Wilder. Op lettere edysjes wiene ek koarte films wolkom. Yn 2020 gie it festival oer omreden fan 'e koroanafiruspandemy, mar fan 4 oant 14 augustus 2021 fûn de 74e edysje fan it evenemint plak, dêr't in publyk fan mear as 75.000 minsken op ôf kaam.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste priis fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno is it Gouden Loaihoars, dat ferjûn wurdt oan 'e as bêste beoardiele film út 'e Ynternasjonale Kompetysje. In folsleine opsomming fan 'e prizen op it festival is sa:

  • Ynternasjonale Kompetysje (Concorso Internazionale)
  • Filmmakkers fan Hjoed Kompetysje (Concorso Cineasti del Presente)
    • Gouden Loaihoars – Filmmakkers fan Hjoed foar bêste film
    • Ciné+ Spesjale Sjuerypriis – Filmmakkers fan Hjoed, útrikt troch de Frânske tillefyzjestjoerder Ciné+ Club, besteande út útstjoerrjochten fan 'e winnende film
    • Loaihoars foar de Bêste Nije Regisseur (Pardo per il Miglior Regista Emergente)
    • Loaihoars foar de Bêste Earste Film (Pardo per la Migliore Opera Prima) (2006-2009)
  • Loaihoarsen fan Moarn (Pardi di Domani)
    • Gouden Loaihoarske (Pardino d'Oro) foar de Bêste Ynternasjonale Koarte Film
    • Gouden Loaihoarske foar de Bêste Switserske Koarte Film
    • Sulveren Loaihoarske (Pardino d'Argento) foar de Ynternasjonale Kompetysje
    • Sulveren Loaihoarske foar de Switserske Kompetysje
    • Pianificapriis (koarte film dy't troch it Ynternasjonaal Filmfestival fan Locarno nominearre wurdt foar de European Film Awards)
    • Priis foar Bêste Switserske Nijynkommeling
    • Premio Medien Patent Verwaltung A.G. (wint fergese ûndertiteling fan 'e film yn trije Middenjeropeeske talen)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.