Ynternasjonaal Festival fan de Fantastyske Film fan Brussel
Ynternasjonaal Festival fan de Fantastyske Film fan Brussel | ||
plak en tiid | ||
lân | Belgje | |
gewest | Brussel (gewest) | |
plak | Brussel | |
tiid fan it jier | maart | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | BIFFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
sjenre | spekulative fiksje en skrillers | |
bestean | 1983 – no | |
offisjele webside | ||
www.bifff.net |
It Ynternasjonaal Festival fan de Fantastyske Film fan Brussel (Ingelsk en offisjeel: Brussels International Fantastic Film Festival; Nederlânsk: Internationaal Festival van de Fantastische Film van Brussel; Frânsk: Festival International du Film Fantastique de Bruxelles), ôfkoarte ta BIFFF, is in filmfestival dat elts jier yn maart holden wurdt yn 'e Belgyske haadstêd Brussel. It is beheind ta de sjenres fan skrillerfiksje en spekulative fiksje.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Ynternasjonaal Festival fan 'e Fantasyske Film fan Brussel waard yn 1983 oprjochte, oarspronklik ûnder de namme Brussels International Festival of Fantastic Film. It leit him ta op it toanen en promoatsjen fan films fan 'e sjenres fan skrillerfiksje en spekulative fiksje (horror, science fiction en fantasy). It evenemint beskikt oer akkreditaasje fan 'e Ynternasjonale Federaasje fan Ferienings fan Filmprodusinten (FIAPF) as in kompetatyf spesjalisearre filmfestival. Der wurde prizen útrikt foar lange en koarte films en der wurdt elts jier ek in bodypaintwedstryd organisearre. De haadpriis fan it festival is de Gouden Raven.
De edysje fan it Ynternasjonaal Festival fan 'e Fantasyske Film fan Brussel fan 2020 gie oer omreden fan 'e koroanapandemy.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |