Springe nei ynhâld

Yndyske goes

Ut Wikipedy
Yndyske goes
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Ansariformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai guozzen (Anser)
soarte
Anser indicus
Latham, 1790
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     briedfûgel
     wintergast
     yntrodusearre

De Yndyske goes (Anser indicus) is in fûgelsoarte út de famylje einfûgels (Anatidae), dy't yn Sintraal- en Súd-Aazje foarkomt. De soarte komt as eksoat yn lytse oantallen yn Nederlân foar.

Tekening fan 'e kop.

De goes is 70 oant 78 sm lang en like grut as de toendrawink. De kop en de boppekant fan 'e hals binne ljochtgriis en fan it linker each rint in swartbrune dwersstreek yn in bôgefoarm oer de efter kop nei it rjochter each. In twadde dwersstreek rint parallel in pear sm djipper yn 'e nekke en is wat koarter. De iris fan 'e fûgel is donkerbrún. De hals is foar griis en efter swart, mei dêrtusken oan 'e beide sydkanten in lange wite streek.

De bealch fan 'e goes hat in wite búk en oer it generaal fierder in sulvergrize kleur, de flanken binne meastentiids donkerder. De wjukken ha swarte slachpinnen en binne fierder griis. De oranjegiele snaffel is tusken 4,5 oant 6,5 sm lang en de poaten binne oranje.

It wyfke is yn 'e regel wat lytser as it mantsje, mar fierder binne der gjin ferskillen.

Yndyske guozzen binne trekfûgels. De briedgebieten lizze op 'e heechflakten fan Sintraal-Aazje en Súdeast-Ruslân, Tibet, dielen fan Noard-Yndia, Mongoalje en yn Sina. De wintergebieten lizze súd fan 'e Himalaya yn it noardwesten en sintrale suden fan Yndia, yn Pakistan, Bangladesj, Nepal en Birma. Ek binne der fûgels dy't allinne mar fan 'e heechflakte fan Tibet nei leger lizzende gebieten trekke.

It briedgebiet leit in lânskip mei marren, rivieren en sompen, fral yn Sintraal-Aazj ek yn steppen of heide. Yn Tibet libje de fûgels ek op oant 5600 m hege hellingen. Winterdeis libbet de fûgel yn wiete gebieten.

Yndyske guozzen komme ek yn Europa foar, meastentiids fûgels dy't út dieretunen, parken of út partikuliere fivers ûntsnapt binne. Sûnt 1986 briede Yndyske guozzen yn Nederlân. De oantallen namen oant 2005 ta en binne sûnt wer tebekrûn. De fûgels binne fral yn 'e buert fan Nieuwkoop en oan de Lek te finen.

Fleanende Yndyske goes.

By de trek tusken it bried- en wintergebiet moatte de guozzen oer de Himalaya fleane. Dêrby moat de fûgel foar in part mear as 9000 m heech fleane. Yndyske guozzen binne sels boppe de Mount Everest waarnommen. Foar it soerstofgebrek op dy hichten ha de fûgels in spesjale oanpassing. De hemoglobine, de reade bloedkleurstof, is by Yndyske guozzen oars as by oare fûgels of sûchdieren. By in lege druk kin de fûgel flugger soerstof opnimme. De oarsaak is in unike mutaasje, wertroch it aminosoer proline yn 'e alfaketen fan hemoglobine (α-globine) ferfongen wurdt toch alanine.

De soarte hat te meitsjen hân mei in earnstige tebekgong yn oantal troch jacht, it sammeljen fan aaien en de ferneatiging fan it biotoop. Om 't de Yndyske goes in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet hat, wurdt de fûgel troch de IUCN as net bedrige klassifisearre.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar boarnen en oare ferwizings op de:Streifengans