Yge Visser
Appearance
Yge Visser (De Haach, 29 july 1963) is in Nederlânsk skaakgrutmaster.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn 1981 waard er kampioen fan Idaho Feriene Steaten
- Tusken 1983 en 2001 waard er acht kear kampioen fan Fryslân
- Yn 1989 wûn er "ECI-open" yn Brugge.
- In 1991 wûn er Geraardbergen yn België.
- Visser wie dield winner fan it Harmonie Skaaktoernoai 2004 yn Grins en helle dêrmei syn earste grutmasternoarm.
- Yn 2005 wûn er yn Grins it Stauntontoernoai mei it tema Marshallgambiet.
- Yn 2006 waard er grutmaster.
- Yn 2004, 2006 en 2008 spile er mei yn it Nederlânsk kampioenskip.
Visser is ek skaaktrainer. Hy fersoarget skaakkursussen foar de top fan de Nederlânske skaakjongerein en hy begeliedet dêrby ek in pear jongeren mei in protte talint.
Hy waard yn 2019 feroardield ta de maatregel tbs mei twangferpleging fanwegen it bedriigjen en stalken fan famyljeleden.[1]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |