Wytkielreadsturtsje
wytkielreadsturtsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Phoenicurus schisticeps | ||||||||||||
Gray & Gray, 1847 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
It wytkielreadsturtsje (Phoenicurus schisticeps) is in lytse Aziatyske fûgel út de famylje miggesnappers (Muscicapidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wytkielreadsturt is in 15 sm lange fûgel, dy't syn namme ear oandocht mei in trijehoekige wite kielflek by sawol de mantsjes as de wyfkes. Mantsjes ha in blauwe krun, in swart kin en swarte eardekfearren en in swarte boppe-rêch. It boarst is kastanjeread en giet nei de ûnderbúk op in ljochtere kleur oer. De stút is kastanjeread, mar de sturt is donker. De wjukken ha in opfallende wite streek.
It wyfke is brún mei in bleke ûnderkant.
It wytkielreadsturtsje is in monotypyske fûgel, itjinge bestjut dat de soarte net yn ûndersoarten ûnderferdield wurdt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt yn 'e sintrale en eastlike Himalaya oant yn Sintraal-Sina (yn dielen fan 'e provinsjes Qinghai, Gansu, Shaanxi, Xizang en Yunnan). De fûgel wurdt ek waarnommen yn it noarden fan Birma, mar de status dêr is ûndúdlik.
De fûgel libbet yn iepen bosk mei lege fegetaasje op 2285-3250 meter hichte, yn 'e Himalaya simmerdeis boppe 2700 meter hichte.
Iten en nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel yt ynsekten, mar ek sied en beien; winterdeis fral fan 'e dúndoarn en de jeneverstrûk. Yn Tibet briedt de fûgel tusken maaie en augustus. It nêst is komfoarmich en wurdt yn in rotsspjalt, beamgat of yn in ierden wâl oant twa meter boppe de grûn boud. It lechsel bestiet út trije aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wytkielreadsturtsje hat in tige grut ferspriedingsgebiet en alhoewol't net bekend is, hoe grut de populaasje is, wurdt der oannommen dat de oantallen stabyl binne. Dêrfandinne wurdt de fûgel op 'e Reade list fan IUCN as net bedrige klassifisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|