Springe nei ynhâld

Wiepke Hof

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wypke Hof)

Wiepke Hof (Ychten, 8 septimber 1916 - Dunegea, 17 maart 1945) wie in winkelman en fersetsman. De 28-jierrige winkelman yn Ychtenbrêge wie lid van de Knokploech yn Ychtenbrêge. Yn de jûn fan 13 juny 1944 waard it distribúsjekantoar yn De Kúnder leechhelle. Wiepke Hof waard finzen setten yn Crackstate op It Hearrenfean.

Op 15 maart 1945 wienen twa leden fan de Wasserschutzpolizei fan De Lemmer oan it foerazjearen. Doe't se lâns de pleats fan de famylje Schotanus yn Dunegea kamen, waard dêr krekt in ko slachte troch inkele leden fan de Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften. Der ûntstie in fjoergefjocht, wêrby't de Dútske Revieroberwachtmeister Platt en de Nederlânske Unterwachtmeister Kootstra deade waarden. As ferjilding waarden tsien politike finzenen, wêrûnder Wiepke Hof, út Crackstate op it hiem fan de pleats fusillearre. Dêrnei waard it gebou yn de brân stutsen. De slachtoffers waarden earst begroeven yn Sint-Nyk. Letter binne se werbegroeven yn harren eigen doarp. In stien yn de pleats fan Schotanus yn Dunegea yn Skarsterlân is setten as oantinken oan de fusillade.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: