Springe nei ynhâld

Wynsen Skeltes Faber

Ut Wikipedy
Wynsen Faber
Foto: Gnodde, A. Harns

Wynsen Skeltes Faber (Arum, 21 augustus 1830 - Pitersbierrum, 12 desimber 1918) wie in skoalmaster en Frysk folksskriuwer.

Wynsen Faber stie tusken 1855 en 1890 oan skoalle yn Pitersbierrum. Hy wie lid fan it Frysk Selskip en waard yn 1901 beneamd ta earelid.

Yn tydskriften, lykas Iduna en Swanneblommen, ferskynden fan him û.o. epigrammen en lyrysk wurk as "De Bernewrâld". Wynsen Scheltes Faber bewurke teffens it Frysk Lieteboek. Aardich fan him binne ek syn saneamde 'Pompierkladtsjes' dy't er yn Forjit my net fan 1905 oant in pear jier foar syn dea skreau.[1] By syn ferstjerren wie syn wurk lykwols al fergetten. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red., Ensyklopedy fan Fryslân, (Amsterdam: Elsevier, 1958) Faber, Wynsen Scheltes.
  1. 'De Jildkoartse' fan T.W. Sytstra, red. Teije Brattinga, 1980
  2. Abe de Vries, Frysk Deiblêd fan 9 desimber 2017