Springe nei ynhâld

Wynmotor Koudum 1

Ut Wikipedy
Wynmotor koudum 1

De Wynmotor Koudum 1 is in poldermole en ryksmonumint by it doarp Koudum, yn de gemeente Nijefurd.

De mole is in mealreeë Amerikaanske wynmotor, dy't ûngefear in heale kilometer besúdwesten Koudum oan it Jan Boerskanaal stiet. Hy waard yn 1925 boud foar de bemealing fan it westlike diel fan de polder de Grutte Wester Gersleat, as opfolger fan in yn dat jier sloopte tradisjonele poldermole út 1854.

De wynmotor is in Herkules Metallicus, dy't makke waard by de Vereinigte Windturbine Werke AG yn Dresden en ymportearre waard troch de handelsmaatskippij R.S. Stokvis en Zn yn Rotterdam. Hy hat in wynrêd fan 30 blêden mei in diameter fan 12 meter en heart ta de grutste wynmotors fan Fryslân. De mole, dy't yn 1994/1995 restaurearre waard troch de firma Bakker út Drylts, is eigendom fan de Molestifting Nijefurd. Hy is oanwiisd as ryksmonumint en kin op ôfspraak besichtige wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: